Gelkinge
Gelkinge (ek Gelkingen of Gelkinga) wie in famylje mei in soad ynfloed yn de stêd Grins yn de midsiuwen. De famylje spile in wichtige rol yn de striid tusken de elite fan de stêd en de biskop fan Utert. De stêd woe him net dellizze by it gesach fan de biskop.
De fertsjintwurdiger fan de biskop, de prefekt fan Grins, fjochte jierrenlang mei de Gelkingen. Ien fan dy slaggen, dêr't de Gelkingers harren mei de Drinten ferbûne wie yn 1227, de slach by Ane. Ek letter yn de 13e iuw wurdt it laach noch neamd as ien fan de wichtichste famyljes fan de stêd, mar dêrnei wurdt neat mear fan de famylje fernaam.
De Gelkingestrjitte Yn Grins is nei it laach ferneamd. It liket derop dat de Gelkingers op de hoeke fan de Grutte Merk en de tsjintwurdige Gelkingestrjitte, dêr't no de Drie Gezusters stiet, in stins hiene. De grûn fan de famylje Gelkinge lei yn it súdwesten fan de hjoeddeiske stêd; de hjoeddeiske wiken Buitenhof, Corpus den Hoorn, de Grunobuert, Hoornse Meer, kantoarepark Kranenburg, Laanhuizen, it Stedspark en de Zeeheldenbuurt behearden derta. Dit Gelkingelân waard oan de noardkant begrinzge troch de Drentse Laan en yn it suden troch de Onlandse Dijk. Ek it saneamde 'Kraanland' behearde ta de Gelkingen.