Gemeentehûs fan Haskerlân

It eardere Gemeentehûs fan Haskerlân is in ryksmonumint oan de Midstrjitte 19 op De Jouwer.

Gemeentehûs fan Haskerlân
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Midstrjitte 10
bysûnderheden
type bouwurk hearehûs
boujier 1858
boustyl neoklassisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 20834

It gebou krige by de ynrjochting ta gemeentehûs yn 1858 in (net skildere) neo-klassisistysk oansjen.[1] De foargevel is sân traveeën breed, trije dêrfan foarmje in midden risalyt, dat bekroand wurdt troch in mânsk tympaan. It balkon wurdt droegen troch Ioanyske pylders. Om alle finsters sitte listen. De ûnderste finsters binne healrûn sleatten, de boppeste binne rjochthoekich en hawwe acht ruten. De kroanlist hat triglyfen. Op it flau deldragende skylddak steane hoekskoarstiens mei boerden.

It gebou waard nei de opheffing fan de gemeente Haskerlân yn 1954 brûkt as ferpleechhûs de Flecke. De âlde gevel bleau doe stean. It nije gemeentehûs (fan Skarsterlân) krige ûnderdak yn it ferboude Heremastate.

It gemeentehûs eartiids

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: