George Valkema
George (Sjors) Valkema (De Jouwer, 1942) wie in Fryske fierljepper út De Jouwer. Syn persoanlik rekord fan 14.18 meter helle er yn Burgum op 28 augustus 1976.
Yn 1962 waard de 19-jierrige automonteur en lettere rydynstrukteur Valkema Frysk Kampioen fierljeppen yn Winsum. Hy die dat mei in rekôrsprong fan 13,20 meter. Hy sprong sa ûnferwacht fier dat hy oan de oare kant fan de Sint Japik bûten it sânbêd lanne op de fototassen fan de fotografen.
Yn 1964 waard er fannijs Frysk Kampioen fierljeppen. [1] Nei in mindere foarronde herstelde him mei 13,94 by de earste en 13,56 by de twadde sprong. Dy twadde sprong wie net de fierste mar wol de moaiste. De krante skreau: 'Hy klom, draaide ien kear om de pols hinne mar linich as in lekken herstelde hy him mei in soepele ôfsprong.'
Yn 1968 waard hy wer kampioen doe't hy de Stienzer Roel Bokke Span opfolge mei in sprong fan 14,25 meter.[2]
Dêrnei wie it oant 1972 alle kearen Roel Bokke Span dy't mei de krâns en de sulveren pols nei hûs gie.[3] Mei syn broer Jetze Valkema learde hy harren buorjonge Henk van der Velde, in lettere kampioen, it fierljeppen. [4]
Yn augustus 1969 gie hy mei Roel Bokke Span nei Japan om it fierljeppen te promoaten foar in Japansk kommersjeel telefyzjestasjon.[5][6]
Titels
bewurkje seksje- Frysk Kampioen Senioaren: 1962, 1964, 1968
- Frysk Kampioen Junioaren: 1960, 1961
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|