Frysk Kampioenskip Fierljeppen
It Frysk Kampioenskip Fierljeppen (Nederlânsk en offisjeel: Fries Kampioenschap Fierljeppen) is in wedstryd fierljeppen om it kampioenskip fan Fryslân, dy't elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Winsum. De organisaasje is sûnt 1960 yn 'e hannen fan it Frysk Ljeppers Boun. It evenemint wurdt al sûnt jier en dei holden op 'e twadde sneon fan 'e moanne augustus. De winner fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen krijt sûnt 1963 de Sulveren Pols.
Frysk Kampioenskip Fierljeppen Fries Kampioenschap Fierljeppen | ||
Bart Helmholt yn aksje yn 2010. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Winsum (Fryslân) | |
holden yn | Oer it Dok | |
datum | 2e sneon yn augustus | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FK Fierljeppen | |
soarte evenemint | sportevenemint (fierljeppen) | |
bestean | 1957 – no | |
org. troch | Frysk Ljeppers Boun | |
offisjele webside | ||
www.fierljeppenwinsum.frl |
Skiednis
bewurkje seksjeIt earste Frysk Kampioenskip Fierljeppen waard op 10 augustus 1957 organisearre troch de Fryske Ljeppers Kommisje (FLK), ûnder tafersjoch fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). De lieding wie yn hannen fan Sjoerd Span (1915-2001). It evenemint fûn plak yn Winsum, om't dêr Lânbouwurktugefabryk Miedema siet. De eigner fan dat bedriuw, Lykele Miedema, hie grutte niget oan it fierljeppen, en wie ree om it Frysk Kampioenskip te sponsorjen, mar easke yn ruil dêrfoar wol dat it yn syn doarp holden waard.
Fan 1957 oant 1985 waard it kampioenskip holden op in iendeiske akkomodaasje op De Skâns, oer de Sint-Japiksfeart. By de earste edysje kaam net ien fan 'e fierljeppers oer de feart hinne. De reden dêrfoar wie dat der yn dy tiid noch út stân ljept wurde moast, en men dus gjin oanrin nimme mocht. By de twadde edysje wiene de foarsjennings better; sa wie der doe in stalt boud, sadat de fierljeppers net mear fan 'e ôfrinnende wâl ôf hoegden te springen.
Op 31 jannewaris 1959 waard it Bûn foar Fryske Polsspringers (BVFP) oprjochte, dat begûn mei in eigen kampioenskip. Sa bestiene der alve jier lang twa Fryske kampioenskippen fierljeppen njonkeninoar: dat fan 'e FLK yn Winsum en dat fan it BVFP op De Rottefalle. Op 13 jannewaris 1960 ûntstie út in fúzje fan 'e FLK en it BVFP it nije Frysk Ljeppers Boun. Der kaam doe ien Frysk Kampioenskip, en dat waard holden yn Winsum, om't ornearre waard dat dat de âldste rjochten hie.
Yn 1959 waard der in Winsum foar it earst njonken in kampioenskip foar manlju ek in Frysk Kampioenskip Fierljeppen foar froulju en ien foar junioaren organisearre. Yn 1976 waard de kategory jonges (jonger as junioaren) tafoege, en yn 2015 de kategory famkes. Anno 2018 fynt it Frysk Kampioenskip Fierljeppen dus plak yn fiif ûnderskate kategoryen. Sûnt 1985 wurde de wedstriden holden op 'e fêste akkomodaasje op it sportfjildekompleks Oer It Dok, efter it eartiidske fierljepplak oan De Skâns. Yn 2020 fûn it Frysk Kampioenskip Fierljeppen fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy plak op sneon 5 septimber.
Frysk Kampioenen by de manlju en de froulju
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|