Wil van den Berg
W. (Wil) van den Berg (22 febrewaris 1951) is in Nederlânsk politikus van het CDA.
Hy waard grut op It Hearrenfean en studearre bedriuwsekonomy en rjochten yn Grins. Dêrnei wurke er foar de gemeenten Katwyk en Nootdorp en yn 1990 waard hy gemeentesekretaris yn De Lier. Dêrnjonken hat er jierrenlang Steatelid west. Yn 2001 gie wer werom nei it noarden om boargemaster fan Ferwerderadiel te wurden dy't op 1 jannewaris 2019 opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Hy is foarsitter fan de CDA-bestjoerdersferiening Fryslân en ek foarsitter fan de Stichting ta Behâld fan Tsjerklike gebouwen yn Fryslân.