Katwyk (Súd-Hollân)

(Trochferwiisd fan Katwijk (Súd-Hollân))

Katwyk[2] (Nederlânsk en offisjeel: Katwijk) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Katwyk leit oan 'e Noardsee en is it grutste plak yn 'e Dún- en Bollestreek en nei De Haach, neffens ynwenners, it grutste badplak yn Súd-Hollân en Nederlân. De Alde Ryn rint troch it plak hinne, dêr't er yn 'e Noardsee útmûnet. Katwyk fusearre yn 2006 mei de gemeenten Rynsburch en Falkenburch.

Katwyk
Katwijk
Katwyk oan See
Katwyk oan See
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente-yndieling Falkenburch, Katwyk-Noard, Katwyk oan de Ryn (haadplak), Katwyk oan See, Rynsburch.
Sifers
Ynwennertal 66.960 (1 jannewaris 2024)[1]
Oerflak 31,15 km² (24,75 km² lân, 6,4 km² wetter)
Befolkingsticht. 2.705 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren A44 N206
Postkoade 2220-2239
Netnûmer 071
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 12' NB 4° 25' EL
Kaart fan 'e gemeente Katwyk
Kaart fan 'e gemeente Katwyk
Offisjele webside
http://www.katwijk.nl/
Kaart
Katwyk (Súd-Hollân)
Katwyk
Kaart
Katwyk oan See
Lizzing fan 'e gemeente Katwyk

Katwyk hat 66.960 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

Katwyk leit 16 km noardlik fan De Haach en en grinzget oan 'e gemeenten Noardwyk, Teylingen, Oegstgeest, Leien en Wassenaar.

De gemeente Katwyk bestiet út fiif offisjele kearnen en lanlik gebiet:

Kearn Ynwenners (2020)
Katwyk oan See 17.810
Rynsburch 16.650
Katwyk-Noard 13.230
Katwyk oan de Ryn
bestjoerssintrum
11.575
Falkenburch 6.145
Lanlik gebiet Katwyk 330

It fiskersdoarp Katwyk oan See en it agraryske Katwyk oan de Ryn wiene eartiids twa faninoar skate plakken dy't ta deselde gemeente hearden. Katwyk oan See ûntstie út Katwyk aon de Ryn wei, nei't de Rynmûning yn de 12e iuw fersâne en fiskerij út Katwyk aon de Ryn wei net mooglik mear wie. Nei de Twadde Wrâldkriich woeksen de twa doarpen oaninoar fêst. It gemeentehûs stiet yn Katwyk oan de Ryn op 'e grins fan Katwyk oan See. Noardlik fan Katwyk oa See leit Katwyk-Noard dat út nei-oarlochske nijbou bestiet. Eastlik fan Katwyk oan de Ryn leit Rynsburch en súdlik leit Falkenburch. Al dy kearnen binne sûnt oaninoar fêst woeksen en foarmmje sûnt 2006 ien gemeente. De âlde kearnen hawwe dêrfoaroer harren identiteit goed bewarje kind, mei tank oan it ferieningslibben fan de ûnderskate mienskippen, lykas sport- en tsjerkemienskippen, doarpshuzen en , histoaryske selskippen. Yn Katwyk oan See wurdt noch it âlde oarspronklike dialekt, it Katwyksk, sprutsen, dat troch de hechte fiskersmienskip yn it eardere doarp sadwaande behâlden wurde koe. Dat dialekt is wiidweidich oan 'e Universiteit fan Leien ûndersocht.

De âlde kearnen Katwyk oan See, Katwyk oan de Ryn, Rynsburch en Falkenburch ûntstiene allegear by de Rynmûning. Op 'e eardere Fleankamp Falkenburch wurdt op it stuit in nij wenwyk fan 5.600 wenten wiermakke. De wyk sil de namme Valkenhorst frije.

De namme fan Katwyk is in gearstalling fan de wurden "kat" (ferwizing ûnbekkend, mar mooglike betsjuttings binne: in oanwizing nei de bistenamme kat, in type binnenskip, de persoanenamme Katte, in ierden opwurpen hichte of in smoarge dridzige brijige substânsje) en "wyk" fan it Latynske vicus dat "delsetting, hoeve" betsjut.[3]

Iere skiednis

bewurkje seksje

Katwyk ûntstie oan 'e mûning fan 'e Alde Ryn, dy't de noardgrins fan it Romeinske Ryk foarme, de Nedergermaanske limes. It âlde Lugdunum Batavorum waard fanâlds mei de stêd Leien ferbûn, en dy stêd identisearret him iuwenlang mei dy namme. It lgerplak lei lykwols by Katwyk en waard boud yn 'e snuorje fan keizer Klaudius (41-51 n.Kr.). Lugdunum, hjoed-de-dei Lyon yn Frankryk, wie it berteplak fan de keizer, wylst "Batavorum" nei de Bataven ferwiist. Yn 40 n.Kr. hie keizer Kaligula in fjildtocht holden dy't yn Katwyk einige. Dêr hiet syn leger in fjoertoer te bouwen. Dy Romeinske oerbliuwsels waarden noch lang de "toer fan Kalla" neamd.

 
In gravuere fan Willem van der Meer fan in op 3 febrewaris 1598 oanspilde walfisk, dy't wol 20 meter lang wie, op 'e strân fan Katwyk.

De hillige Willibrord kaam yn 690 oan lân by de mûning fan de Alde Ryn dêr't hjoed-de-dei Katwyk oan See leit. Fan dêrwei kaam er en bring syn leauwe oer oan de Friezen.

Yn 1224 waard yn in oarkonde fan greve Floaris IV foar it earst de namme Apud Rhenum Catwijck neamd. Oan 'e ein fan 'e 14e iuw wurdt der in fiskôfslach op it strân fan katwyk oan See neamd. Fanâlds wie it plak ek bekend ûnder de namme Beide Catwijcken en 't Zandt. De twa Katwiken en 't Zandt wiene lykwols twa selsstannige hearlikheden. Dy hearlikheden wiene tusken 1340 en 1795 yn it besit fan it baronale hûs Wassenaar. De besitter fan dy hearlike titel neamde himsels dêrnei Van Wassenaer van Catwijck.

Moderne tiid

bewurkje seksje
 
Katwyk yn 1865

Tusken 1546 en 1736 wiene de hearlikheden yn it besit fan de famyljes De Ligne en letter Van Lyere. Filips fan Ligne erve de hearlikheden yn 1544 fan syn mem Maria fan Wassenaer dy't Jacques de Ligne boaske. Maria hie de hearlikheden op in bysûndere manear yn har besit krigen. Har heit Jan fan Wassenaer hie nammentlik gjin manlike opfolger en hy frege keizer Karel V dat er syn byfal jaan koe syn dochter by wize fan útsûndering erfgenamte fan de lienrjochten te meitsjen. It fersyk waard troch in persoanlik bryfke goedkard. De famyld eDe Ligne wie Spaanskgesind en hat mar in bytsje fan de twa Katwiken en 't Zand profitearje kind. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waarden har besittings yn Hollân twaris ta troch de Steaten fan Hollân yn beslach nommen. Filips syn soan, Lamoraal I de Ligne hat in brêge oer de Alde Ryn en de Oerryn oanlizze litten, en tol heffe litten op de fearpont.

Nei de Frede fan Westfalen yn 1648 ferkocht Claude Lamoral I de Ligne de twa hearlikheden yn 1654 oan Willem II fan Lyere. In healjier letter kaam Willem te ferstjerren en warad syn frou Maria fan Reygersbergh frouwe fan Katwyk. Nei har ferstjerren yn 1673 kamen de hearlikheden yn it besit fan har soan Willem III fan Lyere. De twa Katwiken en 't Zandt bleaune oant 1736 yn it besit fan de famylje Van Lyere. Dy famylje hat ûnder oaren in brêge oer de Alde Ryn ferfange litten troch in stiennen brêge mei trije bôgen en de bûtenpleats it Hôf fan Katwyk oanlizze litten. Willem II fan Lyere en Maria fan Reygersbergh lizze yn it prealgrêf yn 'e Doarpstsjerke yn Katwyk oan de Ryn.

 
In blauwe tram op de Rijnstraat dy't ried yn it ramt fan de 60 jier ferline ophefte tramline.

It tiidrek ûnder de famyljes De Ligne en Van Lyere skaaimerket him troch in waaksende ekonomy troch ûnder oaren it fiskfangen. Yn Katwyk oan See wie de fiskôfslach en yn Katwyk oan de Ryn wie dêr oan 'e fiskerij besibbe yndustry, lykas touslaggerijen en rikkerijen. Ek wiene dêr brânerijen, blekerijen, pannebakkerijen en herbergen. Skaaimerkjend foar de bloei fan de mienskip wie de Bank fan Leening dy't yn 1644 troch Freark Hindrik, prins fan Oranje, ynsteld waard. Foar in plattelânsdoarp wie soks wol bysûnder.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard in part fan de bebouwing yn Katwyk oan See troch de Dútsers ôfbrutsen. It gie om in stripe fan 200 meter breed bylâns de kust dy't plak meitsje moast foar de Atlantikwall. Nei de kriich krige de bûlevaar syn hjoeddeistich oansjen.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2006 waarden de buorgemeenten Rynsburch en Falkenburch mei de gemeente Katwyk gearfoege. Falkenburch wie earder ek al ris, fan 1812 oant 1817, part fan 'e gemeente Katwyk, dy't doe bestie út Katwyk oan See, Katwyk oan de Ryn en hearlikheid 't Zand.

Gemeentewapen

bewurkje seksje

By keninklik beslút fan 20 febrewaris 1917 krige Katwyk in gemeentewapen. It wapen bestiet út in sulveren skyld, mei dêr op in blau Andreaskrús. Sint Andreas is fanâlds de beskermhillige fan 'e fiskers.

 
Andréastsjerke
 
Nije Tsjerke
 
Nôtmûne De Geregtigheid

Katwyk hat ferskate monuminten en nijsgjirrige oangelegenheden:

Kultuer
  • Kust fan Katwyk
  • Katwyksk Museum
  • Fjoerbeaken
  • Rederij Triton
  • Subtropysk swimbad Aquamar
  • Mûne De Geregtigheid
  • Steamtrein Katwyk-Leien
  • Space Expo
Monuminten

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Katwyk leit oan de A44 en de provinsjale wei N206 rint dwers troch de gemeente hinne. Katwyk is ien fan de grutte plakken yn Nederlân sûnder in spoarstasjon. De tichtst by wêzende spoarstasjons binne yn Leien en Voorhout. Katwyk hat busferbinings mei Noardwyk, Leien, De Haach en Lisse.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS:Statline
  2. Hynsterêdingsboat nei Katwyk, op Omrop Fryslân
  3. https://www.etymologiebank.nl/ trefwurden "Katwyk" en "kat-"
  Gemeente Katwyk  
Kearnen: FalkenburchKatwyk-NoardKatwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan SeeRynsburch
  ·   ·  
Súd-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
  ·   ·