Lugdunum Batavorum

Lugdunum Batavorum (ek wol Brittenburg neamd) wie in Romeinske fersterking (castellum) yn 'e provinsje Neder-Germaanje yn it stamgebiet fan 'e Kananefaten oan 'e Alde Ryn by it plak dêr't er yn 'e Noardsee útmûnet, tusken de hjoeddeistige plakken Noardwyk en Katwyk.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Lugdunum Batavorum
Lugdunum Batavorum uterst lofts op de Tabula Peuteringiana
Lugdunum Batavorum uterst lofts op de Tabula Peuteringiana
lokaasje
lân Nederlân
plak Katwyk
koördinaten 52° 12' 40" NB 4° 23' 0" EL
lânkaart
Lugdunum Batavorum (Nederlân)
Lugdunum Batavorum

Lugdunum Batavorum wie de meast westlike fersterking fan de Nedergermaanske limes, de noardlike grins (limes) fan it Romeinske Ryk. It lei op it plak dêr't de Alde Ryn yn 'e Noardsee útmûne. Njonkelytsen spielde it plak fuort en rekke bedutsen mei in laach sân ûnder seenivo. De oerbliuwsels fan 'e fersterking, dy't hjoed-de-dei mooglik noch bestean, lizze yn 'e see, likernôch 500 oant 2000 meter noardwestlik fan 'e kustline en binne sels mei nijmoadrige argeologyske metoaden slim te finen.

De part dunum yn 'e namme betsjut "fersterking", "kastiel" en is in typysk Keltysk elemint yn Jeropeeske plaknammen. It foarste part fan de namme, lug ferwiist nei de Keltyske sinnegod Lugh en de namme betsjut sokssawat as "fersterking" fan Lugh. "Batavorum" ferwiist nei de stamme fan de Bataven. Op de Peutingerkaart (Tabulo Peuteringinana) wurdt Lugduno neamd. De Grykske geograaf Klaudius Ptoleméus brûkte yn syn Geographia de term Lougodeion Batauoon (Λουγόδεινον Βαταυῶν), dêr't er it efterheaksel ferwizende nei de Bataven by brûkte, om it plak fan Lugdunum (Lyon) yn Galje te ûnderskieden. De namme komt fan de 2e iuw, mar mei't de Grykske tekst fan Ptoleméus yn 'e 14e iuw pas yn it Latyn oerset waard, waard de namme Lugdunum Batavorum benammen brûkt sûnt de Renêssânse. Histoarysk sjoen hearde de delsetting net ta it gebiet fan 'e Bataven, mar ta it gebiet fan 'e Kananefaten. It kin in oanwizing wêze dat de Kananefaten hiërargysk ûnder de Bataven foelen.[1] De namme Lugdunum hat in Gallyske oarsprong, itjinge nijsgjirrich is om't it gebiet net by it Keltsyke Galje hearde, mar Germaansk wie. Hjoed-de-dei is der gjin oannimlike ferklearring fan fûn, ek om't de oer etnisiteit fan 'e Kananefaten mar in bytsje bekend is.[2] Mooglik komt de namme fan Galloromeinske ymmigranten.[3] Der is ek in mooglikheid dat Germaanske nijkommers de pleatslike Keltyske bewenners oerhearskjen giene.

Alde boarnen

bewurkje seksje

De biografy fan keizer Kaligula troch de Romeinske skriuwer Suëtoanius beskriuwt yn in passsaazje hoe't Kaligula, om it mislearre besykjen fan in kampanje tsjin Brittanje ta in ein te bringen, syn soldaten posysjes ynnimme liet oan de kust mei al har ballista's en oar geskut en har samr hiet har helmen te foljen mei skelpen om dy as kriichsbuit yn triomf mei werom te nimmen nei Rome. Nei it "ôfkundigjen fan 'e oerwinning" yn dy twiveleftige maneuver, liet Kaligula in grutte fjoertoer bouwe yn 'e styl fan de Faros fan Aleksanderje. De beskreaune foarfallen hiene yn Lugdunum Batavorum plakfûn.

Boulogne-sur-Mer, dat yn it ferline gauris yn dy kontekst neamd waard, is nei alle gedachten út te sluten fan de oerwagings, om't der gjin bewiis fan Romeinske oanwêzigens dêr yn 'e snuorje fan Kaligula is. Oan oare kant is dêr bewiis dat it oanswettende Praetorium Agrippinae yn 39 n.Kr. troch Kaligula stifte waard en mei namme en tanamme oan de mem fan 'e keizer wijd wêze soe. Boppedat is men suver wis fan de oanwêzigens fan 'e keizer yn 'e omkriten fanwegen de ynskripsje op in wynfet út 'e keizerlike kelder út 40 n.Kr. dy't fûn waard yn Fectio dat stream op lei.

Op de Tabula Peuteringiana stiet Lugdunum Batavorum, symbolisearre troch twa tuorren, oanjûn as Lugduno mei dykferbings nei Praetorium Agrippinae en Forum Hadriani. Yn it Itinarium Antonini komt it foar as Lugdunum mei in ofstân fan tsien myl nei Albaniana (Alfen oan de Ryn). De stêd wurdt ek neamd as Batavadorum yn 'e Geographike Hyphegesis fan Ptoleméus.

Midsiuwske en lettere oarkonden

bewurkje seksje

De ruïne waard foar it earst skriftlik neamd yn 1401 as borch te Bretten yn in gedicht fan Willem van Hildegaersberch (±1350-±1408), in dichter en mearkessprekker oan it Hôf fan de greve fan Hollân.

Der binne in stikmannich kaarten út 'e 16e iuw en in skildering fan in anonime keunstner. De kaarten wurde dominearre troch ferskate farianten en kopyen út it wurk fan de Flaamske geograaf Abraham Ortelius (1527-1598).

De earste histoaryske fêststelde waarnimming fan de ruïnen fan Lugdunum Batavorum wie yn 1520, nei't in stoarm de ruïnen bleatlein hie. Fierdere waarnimmings waarden ûnregelmjittich útfierd oant de 18e iuw en sa no en dan oant it begjin fan 'e 20e iuw. Oan de wittenskippers dy't nei de ûntdekking tastreamden, fertelden de Katwykske fiskers dat har netten gauris fêstheakken oan wat hja "Kalla syn toer" (de toer fan Kaligula) neamden.[4]

Romeinske artefakten, benammen stiennen (dowestien en moarmer), bakstiennen, ierdewurk en munten, waarden troch de ynwennes fan Katwyk burgen en de bleatleine muorren waarden systematysk brûkt as stiengatten. Oant hjoed-de-dei waard der besocht en fyn de krekte lokaasje. Dochs profesjonele argeologen mei moderne ûndersyksmetoaden en amateurargeologen mei dûkers hawwe de ruïnen net fine kind. Der wurdt tocht dat de sterke weagen fan 'e Noardsee it fort foargoed fuortspield hawwe.

Yn 1734 waard in wurk oar de saneamde Brittenburg, in ruïne dat mooglik in part fan Lugdunum wie, publisearre troch de klassike gelearde en histoarikus Hendrik Cannegieter (1691-1770).

De funksje en datearring binne noch hieltyd net dúdlik. It midgebou is mooglik in grutte horreum (nôtopslachplak) mei dêromhinne in muorre, lykwols allinnich mar oan twa kanten. Fan 'e eastlike punt rint de muorre nei/ûnder de dunen en fan 'e westlike punt nei/yn see. Benammen nijsgjirrich binne de dûbele rûne tuorren, om't militêre fersterkings yn dy tiid altyd fjouwerkante tuorren hiene. Der binne ferskate suggestjes: de dûbele tuorren soene ferkeard tekene grutte inkelde tuorren wêze. It gebou komt fan 'e 4e iuw, doe't rûne militêre tuorren wol foarkamen of de muorre wie part fan de stedsmuorre fan Lugdunum Batavorum. De Brittenburg wie yn alle gefallen gjin castellum, want dêrfoar ûntbrekke alle gebouwen dy't dêr gebrûklik foar wiene, lykas principia (haadgebou) en barakken.

Leien as Lugdunum

bewurkje seksje

Nei't de Peutingerkaart om 1500 hinne fannijs ûntdekt waard en nei it Belis fan Leien identifisearre de Leiske gelearde Janus Dousa Lugduno as de Boarch fan Leien.[5] De doe stifte Universiteit fan Leien krige de Latynske namme Academia Lugduno batava. Sûnt hat ek de stêd Leien him yn offisjele dokuminten oantsjut as Lugdunum. Dy identikikaasje wie ûnrjochtlik en aht fierdere spoaren efterlitten lykas yn fuotbalklub LVV Lugdunum. Boppedat lei yn 'e hjoeddeistige Leiske wyk Roomburch ek in Romeinske fersterking mei de namme Matilo.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. T.M. Buijtendorp, Forum Hadriani. De vergeten stad van Hadrianus: Ontwikkeling, uiterlijk en betekenis van het 'Nederlands Pompeji. 157. Frije Universiteit Amsterdam (2010). Argivearre op 14 maaie 2024.
  2. J. Bazelmans & W. de Jonge 2006.Wie waren de Cananefaten?, yn: W. de Jonge, J. Bazelmans, & D. de Jager (red.), Forum Hadriani. Van Romeinse Stad Tot Monument"". Utert, Matrijs, siden 35–49
  3. T. Buijtendorp 2006. Lugdunum bij Katwijk. Een voorstedelijke nederzetting uit de eerste eeuw in Cananefaats gebied, yn: W. de Jonge, J. Bazelmans, & D. de Jager (red.), Forum Hadriani. Van Romeinse Stad Tot Monument"". Utert, Matrijs, siden 62-65
  4. S. Wynia 1999. Caius was here. The Emperor Caius' Preparations for the Invasion of Britannia: New Evidence yn: H. Sarfatij, W.J.H. Verwers & P.J. Woltering (eds.), In Discussion with the Past. Archaeological studies presented to W.A. van Es. Swol, SPA Foundation, siden 145-147
  5. W. Bonis 2005. Lugdunum Batavorum en het Keltische erfgoed. Yn: Maanen R.J.C. van, e.o. (Ed.) Leids Jaarboekje. Leien: Vereniging Oud Leiden, side 45

Foar mear boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side