Grutte Tsjerke (Rynsburch)
De Grutte Tsjerke (ek: Laurentiustsjerke) is in protestantske tsjerke yn Rynsburch, gemeente Katwyk. Sûnt 1971 is it gebou ynskreaun yn it register fan ryksmonuminten. De toer fan 'e tsjerke hat ek de status fan ryksmonumint.
Grutte Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rynsburch | |
adres | Kerkstraat 32 | |
koördinaten | 52° 11' N 4° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Laurentius fan Rome | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1578 mei lettere útwreidings | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33009 (tsjerke) 33010 (toer) | |
Webside | ||
Side PKN Rynsburch | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt âldste diel fan 'e tsjerke is de mei dowestien boude romaanske toer, in oerbliuwsel fan de oan de hillige Laurentius wijde kleastertsjerke fan de abdij fan Rynsburch. Dy abdijtsjerke hie oarspronklik twa tuorren en fan dy twa is allinne de súdlike toer bewarre bleaun. De lantearne is in 19e-iuwske tafoeging. De toer is fan 'e boargerlike gemeente. Dat is al sûnt de Frânske tiid sa, doe't in dekreet fan Napoleon hast alle tsjerketuorren ûnteigene en tawiisde oan de oerheid.
Yn 'e jierren 1577-1578 waard achter de toer in nije tsjerke boud. Dêrnei folgen der ferskate útwreidings: yn 1633 (in noardlik sydskip), 1660 (in koeromgong), 1903 (in súdlike sydskip) en yn 1910 en 1923 de dwersskippen.
Yn 'e jierren 1980 waard de tsjerke sletten foar in grutte restauraasje. Yn dy tiid is û.o. it dak ferfongen. In lêste grutskalige restauraasje fan 'e Grutte Tsjerke hat yn 2010 plakfûn.
Ynterieur
bewurkje seksjeIn grut diel fan 'e ynrjochting is 17e-iuwsk. De preekstoel hat foar de kânselbibel in 17e iuwske koperen lessener mei it wapen fan Rynsburch. Ek út de 17e iuw stamme twa tekstbuorden, in epitaaf en in rûne hearebank. Grêfstiennen fan abdissen út de kleastergong fan 'e eardere abdij binne yn de tsjerke oer de flier lein. De psalmbuorden datearje út it begjin fan 'e 19e iuw.
Oargel
bewurkje seksjeIt tsjintwurdige oargel yn 'e tsjerke waard yn 1974 troch de firma Jac. van der Linden & Co út Leiderdoarp boud. Foar de bou binne de kast en in diel fan it piipwurk fan 'e foargonger brûkt, dat yn 1924 troch de firma G. van Leeuwen (Leiderdoarp) ynstallearre en yn 1953 troch syn soan Willem van Leeuwen feroare waard. It neobarokke oargel krige mei in restauraasje yn 1989 troch de firma Pels & Van Leeuwen út De Bosk in mear Frânsk-romantyske opset. By de restauraasje en oanpassing fan it ynstrumint troch Adema yn 2011 waard dy ombûging nei de Frânske romantyk fierder yntegrearre.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Grote of Laurentiuskerk (Rijnsburg)
|