Sint-Japiksfeart
De Sint-Japiksfeart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. It is de doarpsfeart fan Winsum en komt út op de Frjentsjerter Feart.
It fierljeppen waard yn 't earstoan by dizze feart beoefene. Winsum hat in ûndúdlike, mar nijsgjirrige Jakobustradysje, Sint-Jakobus wurdt wol faker as Sint-Jabik of Sint-Japik oantsjutten.