Gerald Mervin Vanenburg (Utert, 5 maart 1964) is in earder Nederlânsk fuotballer, dy't nei syn aktive karriêre in karriêre begûn as fuotbaltrainer.

Gerald Mervin Vanenburg
Gerald Vanenburg (1981)
Gerald Vanenburg (1981)
persoanlike bysûnderheden
namme Gerald Mervin Vanenburg
bynamme Vaantje,
Geraldinho
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 maart 1964
berteplak Utert
klupskiednis
posysje Middenfjilder
jeugdteams
VV Sterrenwijk
USV Elinkwijk
AFC Ajax
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1980-1986
1986-1993
1993-1996
1997
1997-1998
1998-2000
AFC Ajax
PSV
Júbilo Iwata
FC Utrecht
AS Cannes
1860 München
173(64)
199(58)
64(9)
9(2)
26(6)
42(2)
nasjonaal team
1982-1992 Nederlân 42(1)
trainer by
2000-2005
2004
2006-2007
2008
2008
2020-2023
PSV (jeugdtrainer)
1860 München
Helmond Sport
FC Eindhoven
Willem II (fjildtrainer)
AFC Ajax (jeugdtrainer)

Libben en wurkpaad

bewurkje seksje

As fuotballer

bewurkje seksje

Vanenburg begûn syn fuotbalkarriêre by de Utrechtske folksklup Sterrenwijk. Ek spile er foar Elinkwijk om fan dêr healwei 1979 ôf oer te stappen nei Ajax. Nei yn it seizoen 1979-80 yn de jeugd spile te hawwen, waard Vanenburg in fêste kontraktspiler by de seleksje fan Ajax mei yngong fan it seizoen 1980-81. Op 5 april 1981 debutearre hy op santjinjierrige leeftiid foar Ajax yn in kompetysjeduel tsjin ADO De Haach. By Ajax waard er ferneamd om syn frivole spul, mar likegoed rekke er yn it seizoen 1985-86 yn ûngenede by trainer Johan Cruijff, krekt as by bûnscoach Leo Beenhakker.

Yn de simmer fan 1986 makke hy de oerstap nei PSV. Vanenburg krige by PSV in kontrakt foar it libben oanbean, wêrby't er nei syn fuotbalkarriêre opnaam wurde soe yn de stêf fan Philips of PSV. Dêrby lei er in kontrakt dat AS Roma him oanbea neist him del. Ynearsten hie Vanenburg in soad sukses by PSV, mar begjin jierren 90 bliek de relaasje tusken de klup en de spiler bekuolle te wêzen. It kontrakt waard yn 1993 ûntbûn en Vanenburg gie foar it aventoer nei it Japanske Júbilo Iwata, yn de krekt opstarte J. League, dêr 't de Nederlanner Hans Ooft trainer wie.

Yn 1996 kaam Vanenburg op de Nederlânske fjilden by FC Utrecht yn syn bertestêd. Dêrnei spile er noch in seizoen by AS Cannes yn Frankryk, wêrnei't er syn karriêre ôfsleat yn Súd-Dútslân by TSV 1860 München.

Nei syn fuotbalkarriêre waard er yn 2000 jeugdtrainer by PSV. Dit soe er, mei twa koarte tuskenstops yn 2001 en 2004, wêryn't er assistint - en haadtrainer wie by 1860 München, bliuwe oant 2005. Yn desimber 2005 behelle Vanenburg it KNVB-diploma Coach Betaald Voetbal. Hjirnei besleat er ûntslach te nimmen by PSV, om earne haadtrainer wurde te kinnen. Yn it seizoen 2006/07 gie syn winsk yn ferfolling, doe't er trainer waard fan Helmond Sport dat yn de earste difyzje spile. Yn febrewaris 2007 waard er lykwols ûntslein fanwegen tsjinfallende resultaten. Fan 1 jannewaris oant 25 maart 2008 wie er haadtrainer by FC Eindhoven. Vanenburg krige in skorsing fan fiif wedstriden fan de KNVB-tuchtkommisje nei oanlieding fan in klap dy't er jûn hie oan FC Emmen-spiler Frank Broers. Om't de kompetysje noch mar in pear wedstriden duorje soe en hy al foarnimmens wie de klup oan de ein fan it seizoen te ferlitten, beëinige Vanenburg fuortendaliks syn kontrakt. Yn maaie 2008 gie er koart oan de slach as ekstra fjildtrainer by Willem II. Op basis fan syn ûnderfining dy't er opdien hie by PSV, gie er by Willem II de spilers yndividueel begelieden. Yn augustus 2020 waard er jeugdtrainer by Ajax. Hjir soe er sa'n 3 jier jeugdtrainer bliuwe oant en mei de ein fan it seizoen 2022-2023.

Priveelibben

bewurkje seksje

Vanenburg waard berne yn Utert as soan fan in Surinaamske heit. Syn omke wie de Surinaamske fuotballer Roy Vanenburg, dy 't foar SV Transvaal spile. Ien fan de dochters fan Gerald Vanenburg, Phillis Vanenburg, is tennisster en spile ûnder oare as junior op it Australian Open. Vanenburg is in omke fan proffuotballer Javairô Dilrosun dy't ûnder oare by Feyenoord spile hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: