Gerardus Agricola
Gerardus Agricola (? - Frjentsjer, 17 septimber 1598) wie in prior fan de abdij Klaarkamp by Rinsumageast.
Agricola - syn echte namme wie Gerrit Luytzenzn - wie it tredde bern fan Luytzen Jarichzn en Aaltgie Thomasdr. Hy wie al ynteresseare yn it geastlik libben doe't er noch jong wie. Rûn 1574 waard er prior fan it kleaster Klaarkamp, wêr't doe Gerardus Jacobi abt wie. Hy naam doe de namme Gerardus Agricola oan. Hy ferlear syn funksje doe't yn 1580 de Steaten fan Fryslân in resolúsje oannamen dy't it iepenlik útoefenjen fan it roomske leauwen ferbead. Wat Agricola yn de jierren dêrnei by de hân hie is net bekend. Yn 1587 dûkt er wer op as er him yn Frjentsjer te wenjen set by in notaris Johannes Doyema, dy't troud wie mei in suster fan Gerardus Jacobi. Agricola waard yn Frjentsjer jildsjitter en húsbaas: hy hie yn en bûten de stêd aardich wat huzen. Yn 1591 liet er in wenhûs en in lytse pleats sette oan it Flyt.
Ek al wie dat in projekt fan in oare tsjerke, hy skonk doch jild foar it stiften fan in weeshûs yn Frjentsjer, dat yn 1597 fan de grûn kaam. Doe't Agricola in jier letter stoar, liet er it weeshûs sa'n 4500 gûne nei. Agricola waard begroeven yn de Martinitsjerke. Op syn grêf stiet:
- Ao Milles Qvincent nonac
- octavo decimo qvinto kalendas Octobris obiit in
- Christo Venerab vir Dns.
- Gerardus Agricola vltimus Prior Clari Campo
- Orborum pater I. Iingua qui doctus Ulraque
- hic iacet Agricola qui suit ante prior
- Quam bene conventuut prior hic Sibi parta reliquis
- Orbis, un Claarcamp qui suit ante prior
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|