Klaarkampster Weeshûs

It Klaarkampster Weeshûs is in monumintaal pân yn de stêd Frjentsjer.

Klaarkampster Weeshûs
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Godsacker 35
koördinaten 53°11′07″ N 5°32′46″ E
bysûnderheden
type bouwurk gasthûs, weeshûs
boujier 1552
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 15691
kaart
Klaarkampster Weeshûs (Frjentsjer)
Klaarkampster Weeshûs

It hûs mei sealdak tusken topgevels (tútgevels) waard yn 1552 boud as gasthûs. Yn it tiidrek 1597 oant 1665 tsjinne it as weeshûs. De maniëristyske gevelstien (17 septimber 1598) op de hoeke fernijt dat prior Gerardus Agricola fan kleaster Klaarkamp by Rinsumageast in soad goed dien hat foar de weesbern. In oare gevelstien (6 jannewaris 1665) fermeldt de rêding fan greve Johan Maurits by in ûngemak op in njonkenlizzende brêge wêrby't er yn it wetter rekke.

It pân is sûnt 21 febrewaris 1967 in ryksmonumint. Yn 1984 hat it gebou yn de brân stien.
Streeksintrum De Skûle is yn it gebou fêstige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4