Gerbrandus Jelgersma

Gerbrandus Jelgersma (Doeveren (Noard-Brabân), 1 novimber 1859Oegstgeest, 17 augustus 1942) ie in Nederlânsk psychiater en fan 1899 oant 1930 heechlearaar psychiatry oan de Ryksuniversiteit Leiden.

Gerbrand Jelgersma in 1905
Jelgersmakliniek yn Oegstgeest anno 2010

Hy wie in soan fan Bernardus Jelgersma, predikant, en Titia Jiskje Faber. Op 21 desimber 1888 troude er mei Elisaberta Henrica Nelida Johanna Ris; sy krigen 3 dochters en 1 soan. Benei twahûndert jier lang smiet it Fryske laach Jelgersma teologen op. Mei de generaasje fan Gerbrand, dy't grutbrocht waard yn Noard-Hollân, waard dy tradysje ferbrutsen.

Yn 1911-1912 ferskynde syn standertwurk Leerboek der psychiatrie. Fan 1914 ôf wie er in neifolger fan Freud.

De Jelgersmaklinyk yn Oegstgeest waard nei him ferneamd. Jelgersma is ûnder oaren bekend wurden troch in kleuringsmetoade fan senuwbanen yn de harsens. De troch him makke breincoupes binne yn Museum Boerhaave yn Leien te besjen. Yn 1930 gie er mei emeritaat.

Gerbrandus Jelgersma is de jongere broer fan Dominicus Gerbrandus Jelgersma (1856-1930). De twa wurde gauris trochinoar helle.

  • Leerboek der psychiatrie (1911)
  • Een geval van hysterie: Psycho-analytisch behandeld (1915)
  • Atlas Anatomicum Cerebri Humani (Scheltema & Holkema 1931)

Keppeling om utens

bewurkje seksje