Gerrit Bennerpriis
De Gerrit Bennerpriis is in twajierlikse priis foar byldzjende keunst dy't op 17 desimber 2003 ynsteld is troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Neffens tradysje neamt de provinsje har prizen nei histoaryske persoanen fan in dissipline: Gerrit Benner wie in ferneamd 20e-iuwske Fryske lânskipsskilder. De priis is foar yn Fryslân wenjende en wurkjende keunstners en betreft de iene kear in oeuvrepriis en de oare kear in priis foar in wichtige ûntwikkeling yn de foarôfgeande twa jierren yn it wurk dat foarop rint yn it keunstoanbod fan de provinsje.
De priis is ynsteld om it byldzjende-keunstklimaat in ympuls te jaan en de oandacht foar de byldzjende keunst ûnder it publyk te fergrutsjen. De priiswinner krijt in oarkunde, in jildbedrach en in eksposysje yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Earfolle fermeldingen wurde beleanne mei in oarkunde en in jildbedrach.
Priiswinners
bewurkje seksjeYn 2005 waard de priis foar it earst útrikt.
- 2021: O.C. Hooymeijer (wichtige ûntwikkeling)
- 2019: Auke de Vries foar syn hiele oeuvre
- 2017: Pedro Bakker
- 2015: Sjoerd de Vries foar syn hiele oeuvre
- 2013: Tryntsje Nauta
- 2011: Paul Panhuysen foar syn hiele oeuvre
- 2009: Zoltin Peeter, foar syn ‘konsekwint en noch hieltiten ûntwikkeljend oeuvre’
- 2007: Louis G. le Roy (priis foar hiele oeuvre wêrûnder de Eko-katedraal yn Mildaam) - jildpriis 5.000 euro.
- 2005: B.C. Epker (wichtige ûntwikkeling) - jildpriis 4.000 euro.