Geart Brueckner Droege
Geart Brueckner Droege, yn de literatuer meast Geart B. Droege neamd en nei't it skynt ek wol Gerrit B. Droege, (Evanston (Illinois), 1925 - Columbus (Ohio), 27 maaie 1997) wie in Amerikaansk heechlearaar Dútsk, Nederlânsk en Frysk oan de Capital University yn Bexley, in foarstêd fan Columbus (Ohio). Hy wie in aktivist foar it Frysk yn 'e Feriene Steaten.
Droege wie fan 1969 oant 1974 associate professor en dêrnei heechlearaar. As earste joech hy in kursus modern Frysk oan in Amerikaanske universiteit. Yn 1971 kocht er de bibleteek fan dr. Jelle Hendriks Brouwer foar syn universiteit oan. Ek stalde er mei prof. Berend Joukes Fridsma in twatalich Frysk-Ingelsk wurdboek gear. Mei dyselde fierde er mei ek de redaksje fan Frisian News Items. Syn briefkerij is op 'e noed fan Tresoar.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|