Gerrit Goukespoldermûne
De Gerrit Goukespoldermûne is in middelgrutte wynmotor yn it doarpsgebiet fan De Geast, gemeente Dantumadiel. De mûne stiet oan 'e Ie tusken Burdaard en Sibrandahûs.
Gerrit Goukespoldermûne | ||
bouwurk | ||
De Gerrit Goukespoldermûne yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Rinsumageast | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | wynmotor | |
boujier | 1951, weropboud 2018 | |
offisjele webside | ||
Side fan de Gerrit Goukespoldermûne |
De wynmotor waard yn 1951 op it plak fan in 19e-iuwske muonts boud, dy't eartiids in spinnekopmûne ferfongen hie. Yn 2016 waard op inisjatyf fan doarpsbelang Burdaard-Jislum de 'Stifting ta behâld fan de Mûne Gerrit Goukespolder' oprjochte, om de yntusken tige brekfallige mûne te restaurearjen. Rûsd waard dat in restauraasje goed € 121.000 euro kostje soe.
Sudsydzjes fan de provinsje Fryslân, it Wetterskip Fryslân, de gemeente Dantumadiel, de Feriening De Hollânske Mûne en fûnsen en stiftings makke de weropbou fan de mûne op de oarspronklike betonnen ûnderbou mooglik.
Yn 2017 waarden de resten fan de wynmotor demontearre. Nei grûnwurk en renovaasje oan it fûnemint waard de rekonstruearre wynmotor yn 'e hjerst fan 2018 wer op de basis set. Yn 2019 draaide de mûne wer.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|