Gert-Anne van der Bos

Gert Anne van der Bos (Holwert, 25 juny 1989) is in Frysk keatser. Hy hat seis kear de PC wûn en waard dêrby trije kear útkeazen ta kening. Fjouwer kear ferlear Van der Bos yn de finale fan de PC.

Gert-Anne van der Bos
keatser
Gert-Anne van der Bos tidens de PC 2011
Gert-Anne van der Bos tidens de PC 2011
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 25 juny 1989
berteplak Holwert
sportive ynfo
sport Keatsen
earste titel Freule 2005
PC 2007-no
debút 2003
ekstra Trije kear PC-kening (2009, 2010, 2015)
wichtige prestaasjes
6 kear PC-winner (2009, 2010, 2011, 2014, 2015, 2021)

Keatskarriêre

bewurkje seksje

Van der Bos helle al prizen by de pupillen en skoaljonges. Op it NK 2003 yn Makkum waard er twadde. Yn syn partoer sieten Mathijs van der Velde en Rudolf Soepboer. Yn 2005 wûnen se de Freulepartij. By de junioaren waard er yn 2007 en 2009 twadde.

Earste PC-winst

bewurkje seksje

Yn 2007 die Van der Bos foar it earst mei oan de PC, yn 2008 waard er twadde. Mei Folkert van der Wei, en Daniël Iseger wûn er op de PC fan 2009 as kening ‘De Sulveren Bal’.

Hegemony mei Triemstra en Iseger

bewurkje seksje

Yn 2010 waard er wer kening op de ferreinde PC mei Daniël Iseger en Taeke Triemstra. Dat jier wûn er ek it punteklassemint. In jier letter wûn er mei kening Iseger en Triemstra op 'e nij de PC. Yn 2012 ferlearen de trije yn de finale fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden. Dêrnei hie it trio in 'minder' jier op de PC: se ferlearen yn de heale finale fan it partoer fan de doe noch 20-jierrige Tjisse Steenstra, mei wa't Van der Bos letter yn itselde partoer keatse soe.

Van der Bos, Triemstra en Iseger begûnen de PC fan 2014 mei syn trijen, mar Triemstra foel nei de twadde omloop út. Mei Jacob Wassenaar as ferfanger wûnen Van der Bos en Iseger dochs de partij. In jier letter wûnen Van der Bos, Triemstra en Iseger foar it lêst mei syn trijen de PC. Yn de finale fersloegen se Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar mei 5-2 6-2. Van der Bos waard foar de tredde kear yn syn karriêre kening fan de PC.

2015 is oant no ta ek de lêste kear dat Van der Bos de PC wûn. Yn 2016 stie er foar it lêst mei Triemstra en Iseger op de PC. Se ferlearen yn de earste omloop ferrassend fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra.

Steenstra derby

bewurkje seksje

Sûnt 2017 keatse Van der Bos en Triemstra mei Tjisse Steenstra. Se hearskje op de keatsfjilden, winne de meatste haadklassepartijen fan alle partoeren, mar op de PC wol it noch net slagje. It earste jier dat se mei-inoar op de PC stiene, 2017 dus, ferlearen se yn de heale finale mei alles oan 'e hang fan Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser. Beide jierren dêrnei hellen Van der Bos, Triemstra en Steenstra wol de finale, mar dat wie it einstasjon. Yn 2018 wiene Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden te sterk (5-5 6-2) en in jier letter pakten Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar de PC (5-2 6-4).

Zijlstra foar Steenstra

bewurkje seksje

Flak nei de PC fan 2019 gong Steenstra fuort út it partoer fan Van der Bos. Hy naam it plak yn fan Marten Bergsma yn it partoer mei Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Van der Bos en Triemstra gongen fierder mei Erwin Zijlstra fan Easterlittens. It seizoen 2020 foel fanwegen it coronafirus foar in grut part yn it wetter. In jier letter pakten Van der Bos, Triemstra en Zijlstra yn oanrin nei de PC trije oerwinningen op de haadklasse. Dat dienen Bergsma, Drent en Hendrik Kootstra ek. Dy gongen as topfavoryt de PC yn. De twa partoeren troffen elkoar yn de finale. Dêryn wie it partoer fan Van der Bos fierstente sterk, benammen op de wichtige punten (5-2 6-6).

Resultaten op de PC

bewurkje seksje

Partoer: Van der Bos (Holwert), Lennart Adema (Makkum) en Feiko Broersma (Easterlittens)

  • Earste omloop: ferlies tsjin Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger: 3-5, 4-6

Partoer: Van der Bos (Holwert), Tjitte Bonnema (Tsjummearum) en Folkert van der Wei (Wytmarsum)

  • Earste omloop: winst op Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Feiko Broersma: 5-1, 6-4
  • Twadde omloop: winst op Gerben-Hein Wijtsma, Jacob Zaagemans en Peter de Boer: 5-1, 6-4
  • Heale finale: winst op Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar: 5-3, 6-4
  • Finale: ferlies tsjin Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk: 4-5, 4-6

Partoer: Van der Bos (Holwert), Folkert van der Wei (Wytmarsum) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: winst op Jelte-Pieter Dijkstra, Hans Wassenaar en Lennart Adema: 5-0, 6-2
  • Twadde omloop: winst op Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra: 5-0, 6-0
  • Heale finale: winst op Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Alle Jan Anema: 5-5, 6-4
  • Finale: winst op Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Tsjibbe Hansma: 5-2, 6-0

Van der Bos útroppen ta kening.

Partoer: Van der Bos (Holwert), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: winst op Jelmer Hofstee, Jacob Zaagemans en Michel van der Veen: 5-1, 6-4
  • Twadde omloop: winst op Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma: 5-2, 6-0
  • Heale finale: winst op Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Peter de Boer: 5-1, 6-0
  • Finale: winst op Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn: 5-5, 6-2

Van der Bos foar de twadde kear útroppen ta kening.

Partoer: Van der Bos (Holwert), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: winst op Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma: 5-3, 6-2
  • Twadde omloop: winst op Pieter Bakker, Sjoerd de Jong en Tjibbe Hansma: 5-4, 6-4
  • Heale finale: winst op Marten van der Leest, Herman Sprik en Folkert van der Wei: 5-0, 6-2
  • Finale: winst op Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra: 5-1, 6-4

Iseger útroppen ta kening.

Partoer: Van der Bos (Holwert), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Goutum)

  • Earste omloop: winst op Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan van der Velde en Tjisse Steenstra: 5-3, 6-4
  • Twadde omloop: winst op Michiel Scheepvaart, Jacob Zaagemans en Gert-Jan Meekma: 5-4, 6-4
  • Heale finale: winst op Johan van der Meulen, Folkert van der Wei en Marten Feenstra: 5-1, 6-0
  • Finale: ferlies tsjin Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden: 4-5, 2-6

Partoer: Van der Bos (Holwert), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Goutum)

  • Earste omloop: winst op Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra: 5-2, 6-2
  • Twadde omloop: winst op Arnold Zijlstra, René Anema en Thomas van Zuiden: 5-3, 6-6
  • Heale finale: ferlies tsjin Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra: 3-5, 4-6

Partoer: Van der Bos (Ljouwert), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: winst op Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra: 5-3, 6-0
  • Twadde omloop: winst op Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje: 5-1, 6-6
  • Heale finale: winst op Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra: 5-3, 6-4
  • Finale: winst op Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong: 5-0, 6-6

Taeke Triemstra foel nei de twadde omloop út. Hy waard yn de heale finale en finale ferfongen troch Jacob Wassenaar.

Iseger útroppen ta kening.

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: winst op Jelle Attema, Hendrik Bouwhuis en Hillebrand Visser: 5-1, 6-4
  • Twadde omloop: winst op Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje: 5-2, 6-2
  • Heale finale: winst op Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra: 5-4, 6-4
  • Finale: winst op Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar: 5-2, 6-2

Van der Bos foar de tredde kear útroppen ta kening.

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Daniël Iseger (Ljouwert)

  • Earste omloop: ferlies tsjin Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra: 3-5, 6-6

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Tjisse Steenstra (Bitgummole)

  • Earste omloop: winst op Menno van Zwieten, Hylke Bruisma en Erwin Zijlstra: 5-5, 6-4
  • Twadde omloop: winst op Marten Bergsma, Dylan Drent en Patrick Scheepstra: 5-1, 6-2
  • Heale finale: ferlies tsjin Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser: 5-5, 6-6

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Tjisse Steenstra (Bitgummole)

  • Earste omloop: winst op Arnold Zijlstra, Pier Piersma en Haye Jan Nicolay: 5-2, 6-2
  • Twadde omloop: winst op Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten: 5-0, 6-4
  • Heale finale: winst op Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar: 5-1, 6-6
  • Finale: ferlies tsjin Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden: 5-5, 2-6

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Tjisse Steenstra (Bitgummole)

  • Earste omloop: winst op André van Dellen, Bauke Dijkstra en Jouke Bosje: 5-2, 6-2
  • Twadde omloop: winst op Jelle Attema, Gabe van Popta en Patrick Scheepstra: 5-2, 6-0
  • Heale finale: winst op Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten: 5-2, 6-4
  • Finale: ferlies tsjin Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar: 2-5, 4-6

Partoer: Van der Bos (Mantgum), Taeke Triemstra (Sint-Jabik) en Erwin Zijlstra (Easterlittens)

  • Earste omloop: winst op Youri de Groot, Hendrik Jan van der Velde en Jelte-Pieter Dijkstra: 5-1, 6-0
  • Twadde omloop: winst op Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten: 5-2, 6-6
  • Heale finale: winst op Paul Dijkstra, René de Haan en Gerben de Boer: 5-3, 6-6
  • Finale: winst op Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra: 5-2, 6-6

Zijlstra útroppen ta kening.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: