Daniël Iseger (Huzum, 30 juny 1980) is in Fryske keatser dy't hikke en tein is op de Tynkedyk yn Ljouwert. Wie kening op de PC fan 2004, 2011 en 2014.

Daniël Iseger
keatser
Daniël Iseger op de PC 2012
Daniël Iseger op de PC 2012
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 30 juny 1980
berteplak Huzum
sportive ynfo
sport Keatsen
PC 2000-2016
ekstra 2004, 2011 en 2014 Kening PC
wichtige prestaasjes
6 kear PC-winner (2004, 2009, 2010, 2011, 2014, 2015)
Daniël Iseger op de PC fan 2011

Hy keatste by de skoaljonges yn 1993 en 1994 meast yn de B-klasse en wûn dêryn meardere prizen. Letter sile er yn de jongeskategory; doe't er nei de MTS gie by it troch-elkoar-lotsjen útnûgingspartijen en frije formaasjewedstriden wûn er ek prizen. Keatste foar ‘Ondeling Genoegen’ út Huzum.

As cv-monteur spile er yn de earste klasse en waard op de PC fan 2000 tredde. Op de PC fan 2004, op 151ste PC, wûn er mei Johan Abma en Pieter Scharringa op it ‘Sjûkelân’ as achterynse Iseger de keningsbal. Mei Huzum waard er dat jier twadde op it Nederlânsk Kampioenskip. Yn 2007 waard er mei keatsferiening ‘LKC Sonnenborgh’ út Ljouwert wer twadde. Op 1 juny 2009 wûn er foar keatsferiening ‘Goutum e.o.’ op it NK yn Frjentsjer de earste priis en ek op de PC wûn hy mei Gert-Anne van der Bos (kening) en Folkert van der Wei de earste priis. Boppedat wûn er dat jier it punteklassement. Neidat Daniël yn 2010 it Nederlânsk Kampioenskip wûn, wûn er ek de PC yn in 'modderballet'. Yn 2011 en 2014 wûn er nochris de PC en ek de keningstitel. Syn sechste PC-winst pakte er yn 2015. By syn ôfskied fan de PC yn 2016 waard er yn de earste omloop útskeakele.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: