De PC fan 2010 waard op woansdei 4 augustus ferkeatst. It wie de 157ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier. Dizze PC stie benammen yn it teken fan it wetter wat oer de hiele dei út de loft foel en brocht it keatsspul aardich yn 'e hobbel.

Oankomst fan de kommisje
De rein kaam mei bakken út de loft

Op moandeitejûn waard der wêr lotte yn de Koarnbeurs. Dit kear sieten de beste haadklassepartoeren allegear by de earste acht. En dit like foar it dit jier noch net sa súksesfolle partoer fan Johan van der Meulen de ideale lotting om de finale te heljen. It partoer fan Gert Anne van der Bos wie de grutte favoryt, sy wûnen fan te foarren sân fan de njoggen partijen.

Foardat de keatsers los koene, kaam de earste reinbui oer it Sjûkelân. Hjirtroch wie it gers wiet en glêd, en dat hie fuortendalik gefolgen. Ale Jan Anema glide út by it besykjen in bal by de sydline te kearen en skansearre syn knibbel sa bot dat dêr útskeakele wie, dit wie in grutte tebeksetter foar it partoer dat op foarhân de grutste kâns hie om fan Van der Bos te winnen. Syn maten Martijn Olijnsma en Hylke Bruinsma moasten dêrtroch hast de hiele partij tegearre keatse. Olijnsma naam neist de foarbêst ek plak yn it perk as foarynse. It waard in spannend partij wêr't Olijnsma en dy earst noch hieltiten it inisjatyf hâlden. Mar op it lêst bruts it ûntbrekken fan in tredde man harren op en by 5-5 en 6-6 gie it partoer fan Marten van der Leest troch. Neidat Ale Jan Anema útfallen wie, waard it beslút wat moandeitejûn trochjûn wie dat de keatsers net op fuotbalskuon as saneamde blades keatse mochten feroare en waard it tastien mei oare skuon te keatsen. In grut part fan de partijen fan de earste list waard ferkeatst wylst it reinde, it fjild waard ek hieltiten minder, foaral fansels by de opslachline en yn de perken. Mar trochdat it hiele fjild sompe wie, stuite der gjin bal. Neist de partij fan Olijnsma tsjin Van der Leest einige ek de wedstriid tusken Hendrik Tolsma en Dirk-Yde Sjaarda mei alles oan de hang. Nei earst in foarsprong te nimmen keatste Tolsma c.s. folle minder, Tolsma fungearre op it lêst sels as balkearder. Mar yn it lêstoan koene Tolsma c.s. harren achterstân wêr goed meitsje en op 5-5 6-6 makke Herman Sprik de partij út mei in sitbal.

 
Nei de pauze wie de sinne der efkes by

Under de earste partijen fan de twadde list kaam der wêr sa'n wetter nei ûnderen dat de partij stillein waard. It partoer fan Rutmer van der Meer wie der doe al ôf tsjin Marten van der Leest. De perken wiene yntusken feroare yn modderpoelen, de útslaggers glibberen alle kanten op. Earst waard der in pauze fan tweintich minuten oankundige, mar it fjild wie sa min dat it oardel oere duorre foardat de keatsers wêr it fjild opkamen, de perken wiene ferlein nei de bûtenkant, mar fierder wie it fjild noch hiel min. Dit hie gefolgen foar it partoer fan Arnold Zijlstra, by ien fan de earste opslaggen ferstapte Zijlstra him by de opslachline en moast eins belies jaan. Nei in blessuerebehanneling koe der fierder as balkearder, mar hy wol sa'n lest dat syn maten eins tegearre de partij tsjin Hendrik Tolsma spylje moasten. Dit gie harren tige goed ôf. Foaral Thomas van Zuiden wie op de stuit goed dwaande en sa giene Arnold Zijlstra mei syn maten nei de tredde list. Partoer Johan van der Meulen moast it earste klas partoer fan Pieter van Althuis foarby om de finale te heljen. Mar de opslach rûn min. Marten Veenstra die it al wat better as foarbest, mar miste ek faak op belangrike punten it perk. It partoer fan de drok pratende opslagger út Peins gie dêrtroch ek maklik troch.

Heale Finale

bewurkje seksje

Troch alle ferrassings yn meiname de twadde list stiene der yn de heale finales neist it favorite partoer fan Van der Bos, trije earste klas partoeren. Van der Bos c.s. hiene net in protte moaite om de finale te heljen, sy wiene gewoan te sterk. De partij tusken Arnold Zijlstra en Pieter van Althuis wie in hiel stik dreger. Mar úteinlik wie it Pieter van Althuis c.s. die nei in 5-3 achterstân dochs noch wûnen mei 5-5 6-4

Fan de finale waard net in protte ferwachte. De gedachten wiene dat Van der Bos mei syn maten, dy't noch net dreech keatst hiene maklik fan in partoer Pieter van Althuis winne soene. Mar it rûn oars, it wie de hiele partij it partoer fan Van Althuis dy't it inisjatyf hâlden. Neidat it úteinlik fiif earste gelyk waard, makke Van der Bos it fanôf de stuit út, 5-5 en 6-2.

De kommisje hy dit jier de prizen feroare. Ynstee fan prizen yn de foarm fan in pûdsje mei gouden of sulveren tientsjes waarden der prizen yn baar jild útkeard. Ek wie de hichte fan it prizebedrach ferdûbele sadat it mear oerienkaam mei de status fan de keatspartij.

List fan dielnimmers

bewurkje seksje
1 Jan Brandt Wiersma Grou
Hillebrand Visser Makkum
Jouke Bosje Baaium
2 Rutmer van der Meer Sint Jabik
Renze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Folkert van der Wei Wytmarsum
3 Martijn Olijnsma Hijum
Hylke Bruinsma Minnertsgea
Alle Jan Anema It Hearrenfean
4 Marten van der Leest Dronryp
Pieter Jan Plat Sint Jabik
Peter de Boer Ljouwert
5 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Karel Nijman Ljouwert
Pier Piersma Easterlittens
6 Pieter Bakker Ljouwert
Lennart Adema Makkum
Tjibbe Hansma Mûnein
7 Jelmer Hofstee Wjelsryp
Jacob Zaagemans Warkum
Michel van der Veen Frjentsjer
8 Gert-Anne van der Bos Holwert
Taeke Triemstra Sint Jabik
Daniël Iseger Goutum
9 Arnold Zijlstra Tsjummearum
René Anema Balk
Thomas van Zuiden Tsjerkwert
10 Jelte Pieter Dijkstra Easterein
Siebe Greidanus Wjelsryp
Feiko Broersma Easterlittens
11 Hendrik Tolsma Goutum
Herman Sprik Wytmarsum
Johannes Boersma Winsum
12 Dirk-Yde Sjaarda Easterein
Erik Haitsma Wommels
Gert Jan Meekma Wytmarsum
13 Pieter van Althuis Peins
Jacob Klaas Haitsma Easterein
Gerrit Flisijn Easterein
14 Pieter Vogels Grins
Pytrik Hiemstra Grins
Jan Sjoerd Tolsma Deinum
15 Site Ferwerda Stiens
Gerrit Meijer Hurdegaryp
Dennis Wijnjeterp Doanjum
16 Johan van der Meulen Damwâld
Jacob Wassenaar Sint Anne
Marten Feenstra Feinsum
1e list
1 Jan Brandt Wiersma c.s. - 2 Rutmer van der Meer c.s. 4-5 (4-6)
3 Martijn Olijnsma c.s. - 4 Marten van der Leest c.s. 5-5 (6-6) vd Leest wint
5 Jan Dirk de Groot c.s. - 6 Pieter Bakker c.s. 5-0 (6-2)
7 Jelmer Hofstee - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 1-5 (2-6)
9 Arnold Zijlstra c.s. - 10 Jelte Pieter Dijkstra c.s. 5-1 (6-2)
11 Hendrik Tolsma c.s. - 12 Dirk-Yde Sjaarda c.s. 5-5 (6-6)
13 Pieter van Althuis c.s. - 14 Pieter Vogels c.s. 5-2 (6-2)
15 Site Ferwerda c.s. - 16 Johan van der Meulen c.s. 1-5 (4-6)
2e list
2 Rutmer van der Meer c.s. - 4 Marten van der Leest c.s. 4-5 (2-6)
5 Jan Dirk de Groot c.s. - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 2-5 (0-6)
9 Arnold Zijlstra c.s. - 11 Hendrik Tolsma c.s. 5-4 (6-4)
13 Pieter van Althuis c.s. - 16 Johan van der Meulen c.s. 5-3 (6-6)
3e list
4 Marten van der Leest c.s. - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 1-5 (4-6)
9 Arnold Zijlstra c.s. - 13 Pieter van Althuis c.s. 5-5 (4-6)
finale
8 Gert-Anne van der Bos c.s. - 13 Pieter van Althuis c.s. 5-5 (6-2)

Kening PC 2010

bewurkje seksje

Lykas yn 2009 waard Gert-Anne van der Bos keazen ta kening, dizze kear mei it maksimale tal punten.