Pieter van Althuis
Pieter van Althuis (Peins, 25 oktober 1983) is in earder keatser út Peins. Sûnt 2011 keatste er yn de Haadklasse fan it KNKB.
Pieter Sikke van Althuis | ||
keatser | ||
Pieter van Althuis tidens de PC 2012 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 25 oktober 1983 | |
berteplak | Peins | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynfo | ||
sport | Keatsen | |
funksje | foar-bêstopslagger | |
earste titel | Manlju Haadklasse útnûging Boalsert 2010 | |
PC | PC 2009 - PC 2010 - PC 2011 - PC 2012 | |
karriêre-ein | 2016 | |
ekstra | 2de op de PC 2010 |
Van Althuis waard yn 2010 twadde op de PC dy't benammen kenmerkt waard troch de rein dy't der dy dei foel. Van Althuis begûn mei keatsen by Keatsferiening Pieter Jellema yn Peins. Hy waard dêr yn syn jonge jierren treend troch Durk Gjaltema. Yn 1998 waard er mei Peins 5de op de Freule yn Wommels. Op de Bûnspartij fan 2002 waard Van Althuis 6de mei Peins.
Pieter van Althuis stie op it fjild foaral bekend om syn oansteklike entûsjasme. Maaie 2016 makke van Althuis bekend te stoppen mei keatsen fanwêgen problemen mei de ûnderrêch en syn heup[1]. By de PC fan 2022 waard bekend dat Pieter van Althuis fan ôf de PC van 2023 de omropper fan de PC is, as opfolger fan Johannes van der Ploeg[2].
Yn it deistige libben is Pieter van Althuis dosint gymnastyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|