De PC fan 2009 waard op woansdei 29 july ferkeatst. It wie de 156ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

De winners fan 2008 komme it fjild op
Frits Barend jout in ynterview foar Omrop Fryslân
Gerrit Meijer slacht op

Op de earst list wiene wol wat ferrassings. In tal haadklasse partueren gie der yn de earste omloop ôf tsjin earste klaspartueren. Site Ferwerda wûn mei syn maten fan Wilco Rinia yn in spannende wedstriid. De winner fan 2008 Jochum Bouma hiene gjin kans tsjin it partuer fan Maarten van der Leest. It partuer fan Johan van der Meulen wie sawol oan de stuit as yn it perk ûnmachtich en ferlearen dan ek fan Gerben Hein Wijtsma.
De wedstriid tusken Hendrik Tolsma en Martijn Olijnsma wie ek tige spannend. Neidat se by in 5-4 en 6-2 op 'e dea stiene, mei troch in protte opslachmissers fan Hendrik Tolsma, kamen de mannen wêrom en wûnen úteinlik mei 5-5 6-4. By dy stân wie dêr earst ek noch wat argewaasje, Tolsma krige de bal, dy't troch Hylke Bruinsma op de boppe keart waard oan 'e bealch. Mar sawol de skiedsrjochter as de karmaster op de boppe hiene dat net sjoen, dat der kaam in keats by de boppe ynstee fan alles oan de hang. It perk fan Bruinsma en Groenendijk koe de opslach fan Tolsma dêrnei net foarby de keats krije dat it wie dien foar de kening fan 2008 Groenendijk dy't syn lêste PC keatste.

De grutte ferassing fan de twadde omloop wie de partij tusken Gert-Anne van der Bos en Rutmer van der Meer. Wat miskien de partij wie tusken de twa kwalitatief beste partueren einige yn in 5-0 en 6-0, wêrby Rutmer van der Meer, Teake Triemstra en Renze Pieter Hiemstra hielendal net yn it spul foarkamen.

Heale Finale

bewurkje seksje

Nei de maklike oerwinning op Rutmer van der Meer hiene Gert-Anne van der Bos en syn maten it folle dreger yn de heale finale. Yn in mear spannende as goeie wedstriid wûnen se úteinlik mei 5-5 en 6-4 fan it trio Jan Dirk de Groot.

De finale wie net spannend. Dirk-Yde Sjaarda en syn mannen kamen tekoart en Gert-Anne van der Bos en dy wûnen dan ek maklik mei 5-2 en 6-0.

List fan dielnimmers

bewurkje seksje
1 Hendrik Tolsma Goutum
Michel van der Veen Frjentsjer
Johannes Boersma Winsum
2 Martijn Olijnsma Hijum
Hylke Bruinsma Minnertsgea
Douwe Groenendijk It Hearrenfean
3 Wilco Rinia Makkum
Karel Nijman Ljouwert (stêd)
Gert Jan Meekma Wytmarsum
4 Site Ferwerda Stiens
Gerrit Meijer Hurdegaryp
Rudolf Soepboer Holwert
5 Jochum Bouma Easterlittens
Jan Willem van Beem Dronryp
Pier Piersma Easterlittens
6 Marten van der Leest Dronryp
Pieter Jan Plat Sint Anne
Feiko Broersma Easterlittens
7 Dirk Yde Sjaarda Easterein
Erik Haitsma Wommels
Tsjibbe Hansma Mûnein
8 Arnold Zijlstra Tsjummearum
René Anema Balk
Frederik van der Meij Berltsum
9 Jelte-Pieter Dijkstra Easterein
Hans Wassenaar Tsjummearum
Lennart Adema Makkum
10 Gert-Anne van der Bos Holwert
Folkert van der Wei Wytmarsum
Daniel Iseger Ljouwert
11 Rutmer van der Meer Sint Jabik
Rinze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Taeke Triemstra Sint Jabik
12 Robert Rinia Arum
Siebe Greijdanus Wjelsryp
Aloys Freitag Makkum
13 Pieter van Althuis Peins
Jacob-Klaas Haitsma Wommels
Gerrit Flisijn Easterein
14 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Herman Sprik Wytmarsum
Alle Jan Anema It Hearrenfean
15 Gerben Hein Wijtsma Ljussens
Jacob Zaagemans Warkum
Peter de Boer Ljouwert
16 Johan van der Meulen Broeksterwâld
Jacob Wassenaar Sint Anne
Marten Feenstra Berltsum
1e list
1 Hendrik Tolsma c.s. - 2 Martijn Olijnsma c.s. 5-5 (6-4)
3 Wilco Rinia c.s. - 4 Site Ferwerda c.s. 4-5 (6-6)
5 Jochum Bouma c.s. - 6 Maarten van der Leest c.s. 0-5 (0-6)
7 Dirk-Yde Sjaarda c.s. - 8 Arnold Zijlstra c.s. 5-2 (6-4)
9 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. - 10 Gert-Anne van der Bos c.s. 0-5 (2-6)
11 Rutmer van der Meer c.s. - 12 Robert Rinia c.s. 5-1 (6-2)
13 Pieter van Althuis c.s. - 14 Jan Dirk de Groot c.s. 3-5 (4-6)
15 Gerben Hein Wijtsma c.s. - 16 Johan van der Meulen 5-3 (6-6)
2e list
1 Hendrik Tolsma c.s. - 4 Site Ferwerda c.s. 4-5 (2-6)
6 Maarten van der Leest c.s. - 7 Dirk-Yde Sjaarda c.s. 2-5 (0-6)
10 Gert-Anne van der Bos c.s. - 12 Rutmer van der Meer c.s. 5-0 (6-0)
14 Jan Dirk de Groot c.s. - 16 Gerben Hein Wijtsma 5-4 (6-4)
3e list
4 Site Ferwerda c.s. - 7 Dirk-Yde Sjaarda c.s. 0-5 (4-6)
9 Gert-Anne van der Bos c.s. - 16 Jan Dirk de Groot 5-5 (6-4)
finale
6 Dirk-Yde Sjaarda c.s. - 10 Gert-Anne van der Bos c.s. 2-5 (0-6)


Kening PC 2009

bewurkje seksje
  • Gert-Anne van der Bos