De PC fan 2011 waard op woansdei 3 augustus ferkeatst. It wie de 158ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

De kommisje komt it fjild op

Op moandeitejûn waard der wêr lotte yn de Koarnbeurs. Neist it partoer fan Gert-Anne van der Bos, ek dit jier wer de grutte favoryt, wiene der mar in pear partoeren dy't ek in pear partijen wûn hie. It partoer fan Jan Dirk de Groot hie dêrfan de measte wûn, spitigernôch waarden sy fuort op de earste list keppele oan van der Bos en dy, sadat in mooglike finalepartij fuort yn de earste omloop ferkeatst wurde moast.

 
Hendrik Kootstra yn aksje

De mooglike finale partij wêr't eltsenien op siet te wachtsjen wie fansels tusken van der Bos en de Groot. Nei in foarsprong fan 3-1 foar De Groot kamen de favoriten yn harren spul en makken it frij maklik út. Fierder wiene der gjin ferrassings al hie it partoer fan Van der Leest hiel wat moaite mei it partoer fan de jongste dielnimmer Pieter Syberen Scharringa.

Op de twadde list wie der wol in ferrassing. It partoer fan Marten van der Leest hie de opslagger ynruile foar Jan Dirk de Groot. Van der Leest koe net fierder keatse fanwege in blessuere. Letter dy bliken dat syn maten him eins oan de kant set hiene om't se fûnen dat der net fit genôch wie. Sy wûnen harren partij in de twadde omloop wol fan Van Althuis. It partoer fan Van der Bos hie hiel wat te stellen mei it partoer fan Pieter Bakker. De ûnderdog hie de sympathy fan it publyk en troch dat de favoriten net by de les wiene rûnen hja achter de feiten oan. Nei in efterstân fan in spul (4-2) waard it dochs van der Bos dy troch geane. Rutmer van der Meer spile tsjin it partoer fan Michiel Scheepvaart. Dizze partij gie aardich lykop. Healwei de partij rûn Jacob Zaagemans tsjin Karel Nijman op doe't hy in bal yn it tuskenspul besocht te kearen. Karel Nijman rekke dêrtroch sa blessearre oan de ribben dat hy nei twa blessuerebehânnelings foar de tredde kear fan it fjild ôf moast. Hy waard ferfongen troch Pier Piersma, mar it partoer fan Rutmer van der Meer ferlern dochs frij flot. Dit betsjutte de lêste aksjes fan Rutmer op de PC om't hy nei dat jier stopje soe mei it topkeatsen.

Heale Finale

bewurkje seksje

Yn de heale finale hie it partoer fan Van der Bos hielendal gjin moaite mei it partoer fan De Groot, dit kear dus mei Sprik en van der Wei. De oare partij wie hiel wat spannender. It partoer van Michiel Scheepvaart makke it it partoer fan Olijnsma hiel dreech. Benammen Jacob Zaagemans stie yn it perk hiel best út te slaan. Mar op it lêst wiene it dochs it trio Olijnsma dy't de partij wûnen.


It publyk ferwachte in net al te bot spannende finale, en dat kaam ek út. It partoer van der Bos sette goed útein mei in pear bêste boppeslaggen fan Taeke Triemstra en in pear prippers fan Van der Bos. Olijnsma en syn maten setten hjir hast neat tsjinoer, benammen oan de opslach wie it neat wurdich. Olijnsma makke in protte flaters en foaral Marten Feenstra stie hiel min te keatsen. Hylke Bruinsma naam de foarminst opslach sels fan Feenstra oer en ruile ek mei Feenstra yn it perk. It wie ek oan in pear goeie aksjes op en út fan Bruinsma te tankjen dat sy noch ien earst pakten. De favoriten makken eins gjin flaters en makken de partij dan ek yn koarte tiid út.

List fan dielnimmers

bewurkje seksje
1 Marten van der Leest Dronryp
Herman Sprik Wytmarsum
Folkert van der Wei Wytmarsum
2 Pieter Sybren Scharringa Wjelsryp
Gerrit Meijer Hurdegaryp
Dennis Wijnjeterp Doanjum
3 Dirk-Yde Sjaarda Easterein
Erik Haitsma Wommels
Jacob-Klaas Haitsma Wommels
4 Pieter van Althuis Frjentsjer
Gerrit Flisijn Wommels
Hans Wassenaar Tsjummearum
5 Pieter Bakker Ljouwert
Sjoerd de Jong Sint Anne
Tsjibbe Hansma Mûnein
6 Site Ferwerda Grins
Sip-Jaap Bos Eanjum
Feiko Broersma Easterlittens
7 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Renze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Pier Piersma Easterlittens
8 Gert-Anne van der Bos Holwert
Taeke Triemstra Sint Jabik
Daniël Iseger Ljouwert
9 Rutmer van der Meer Sint Jabik
Karel Nijman Ljouwert
Hendrik Kootstra Minnertsgea
10 Jan Brandt Wiersma Grou
Pieter Jan Plat Sint Jabik
Jouke Bosje Baaium
11 Michiel Scheepvaart Makkum
Jacob Zaagemans Warkum
Jan Sjoerd Tolsma Deinum
12 Jelte Pieter Dijkstra Easterein
Siebe Greidanus Wjelsryp
Rudolf Soepboer Holwert
13 Hendrik Tolsma Goutum
Michel van der Veen Frjentsjer
Peter de Boer Ljouwert
14 Arnold Zijlstra Tsjummearum
René Anema Balk
Thomas van Zuiden Tsjerkwert
15 Martijn Olijnsma Hijum
Hylke Bruinsma Minnertsgea
Marten Feenstra Feinsum
16 Gosse Beeksma Koarnjum
Hendrik Jan van der Velde Boalsert
Frederik van der Meij Berltsum
1e list
1 Marten van der Leest c.s. - 2 Peter Sybren Scharringa c.s. 5-5 (6-4)
3 Dirk-Yde Sjaarda c.s. - 4 Pieter van Althuis c.s. 0-5 (2-6)
5 Pieter Bakker c.s. - 6 Site Ferwerda c.s. 5-0 (6-4)
7 Jan Dirk de Groot c.s. - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 3-5 (2-6)
9 Rutmer van der Meer c.s. - 10 Jan Brandt Wiersma c.s. 5-2 (6-2)
11 Michiel Scheepvaart c.s. - 12 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. 5-4 (6-6)
13 Hendrik Tolsma c.s. - 14 Arnold Zijlstra c.s. 5-4 (6-2)
15 Martijn Olijnsma c.s. - 16 Gosse Beeksma c.s. 5-1 (6-0)
2e list
1 Marten van der Leest c.s. - 4 Pieter van Althuis c.s. 5-2 (6-0)
5 Pieter Bakker c.s. - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 4-5 (4-6)
9 Rutmer van der Meer c.s. - 11 Michiel Scheepvaart c.s. 4-5 (6-6)
13 Hendrik Tolsma c.s. - 15 Martijn Olijnsma c.s. 2-5 (2-6)
3e list
1 Marten van der Leest c.s. - 8 Gert-Anne van der Bos c.s. 0-5 (4-6)
11 Michiel Scheepvaart c.s. - 15 Martijn Olijnsma c.s. 4-5 (4-6)
finale
8 Gert-Anne van der Bos c.s. - 15 Martijn Olijnsma c.s. 5-1 (6-4)

Kening PC 2011

bewurkje seksje

Gert-Anne van der Bos hie kâns om foar de tredde kear achterinoar kening te wurden, mar dit kear wie it Daniël Iseger dy't lykas yn 2004 kening waard.