Gertrude Vanderbilt Whitney
Gertrude Vanderbilt Whitney (New York, 9 jannewaris 1875 - 18 april 1942) wie in Amerikaanske byldhouster en keunstsamler. Hja hearde ta de tige begoedige Amerikaanske famylje fan Nederlânsk komôf Vanderbilt. Se is foaral bekend as society-dame, byldhouster, keunstsammeler en als stichtster fan it Whitney Museum of American Art yn har bertestêd New York.
Se wie in dochter fan Cornelius Vanderbilt II en Alice Claypoole Gwynne en brocht simmerdeis in part fan har jonkheid troch yn harren bûtenpleats The Breakers yn Newport op Rhode Island. Se wie tige sportyf en krige yn it sportfermidden kunde oan Harry Payne Whitney (1872–1930) mei wa't se op har 21e troude. It pear krige trije bern, Flora (1897), Cornelius (1899) en Barbara (1903).
Meast ferneamde bylden
bewurkje seksje- "Fountain of El Dorado" – San Francisco, Kalifornje (no yn Lima, Perû);
- "Aztec Fountain" - Washington D.C.;
- "Titanic Memorial" - Washington D.C.;
- "Buffalo Bill Statue Memorial" - Cody, Wyoming
- "Victory Arch" - Madison Square, New York City
- "Three Graces" McGill University kampus Montréal, Quebec, meast "Three Bares" neamd
- "Betinking Earste Wrâldkriich" yn Mitchell Square Park