Gertrudistsjerke (Lytsewierrum)
De Gertrudistsjerke yn Lytsewierrum is de tsjerke fan de protestanske streekgemeente Slachsang.
Gertrudistsjerke | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Lytsewierrum | |
koördinaten | 53° 05' N 5° 39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Gertrudis fan Nijvel | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1516-1557 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21542[1] | |
Webside | ||
PKN Streekgemeente Slachsang | ||
Kaart | ||
Gemeente
bewurkje seksjeOp 1 jannewaris 2002 ûntstie de Samen-Op-Weggemeente De Slachsang, tsjintwurdich de Protestantske Streekgemeente te Slachsang. De streekgemeente is in gearfoeging fan de protestantske gemeenten fan Lytsewierrum (dêr't ek in diel fan Rien en Reahûs by heart), Britswert-Wiuwert-Easterwierrum en Boazum.
Skiednis tsjerke
bewurkje seksjeDe earste stiennen tsjerke fan Lytsewierrum waard yn de 12e iuw boud en wijd oan de hillige Gertrudis, de abdis fan Nijvel en patroanhillige fan de earmen, reizgers en katten. De tsjerke waard yn 1514-1515 foar in grut part ferneatige troch de Swarte Heap, in groep Saksyske hiersoldaten. Al rillegau nei de ferwoasting is der wer útein set mei de weropbou fan de tsjerke. In nije klok, getten troch Geart fan Wou en Johannes Schonenborch, waard al wijd yn 1516. Yn 1557 wie de weropbou fan toer en tsjerke foltôge en in gevelstien yn de súdlike muorre út dat jier ferhellet wat troch in mislearre rispinge de foar dy tiid skriklik hege priis fan in bôle wie: Anno 1557, de 30ste maart. Doe is deze kerk angeleit, doe is dat broet koft voor 12 stuivers.
It ûnderste diel fan de let-goatyske tsjerke bestiet út grutte giele kleastermoppen. Boppe de sânstiennen wetterlist bestiet it muorrewurk út lytse bakstien.
De sakristy oan de noardkant fan de tsjerke waard yn 1850 ôfbrutsen. De noardlike tagong foar froulju en súdlike tagong foar manlju waarden pas yn 1928 tichtmitsele.
Singelier is de wynwizer op de toer. Alhoewol't de tsjerke wijd is oan Gertrudis, draacht de toer in wynwizer mei Martinus fan Tours op it hynder. Ek it neamen wurdich is it saneamde gibbegat boppe de trije nissen yn de topgevel. Dit gat tsjinnet foar de fûgels, mar yn eardere tiden ek as needútgong foar de duvel. As dy him ophold yn de tsjerke en it krús seach, koe der troch it duvelsgat noch weikomme.[2]
Ynterieur
bewurkje seksjeOpfallend yn de tsjerke is it tonferwulft, dat yn 1928 mei Bibelske symboalen waard beskildere. De preekstoel stie oarspronklik oan de súdlike muorre, mar ferhûze fan it wenstige plak nei it koer. It is in ienfâldige kânsel út de 17e iuw, it oare meubilêr datearret út de 19e iuw. Oan de súdlike kant steane de oarspronklik foar froulju ornearre (iepen) banken opsteld, de rige mei (sletten) manljusbanken stiet oan de rjochter kant. Fierder binne der noch trije ienfâldige hearebanken.
Yn de rin fan de jierren 1960 waard it paad tusken de banken fernijd en doe kamen in tal âlde sarken fan de famyljes fan de trije states út de omkriten foar it ljocht. Yn it koer leit njonken dy fan in pear dûmnys de sark fan Meinse Jans, de lêste katolike pryster fan de tsjerke. De sark is fersierd mei de symboalen fan de fjouwer evangelisten (liuw, earn, ingel en okse). Bysûnder binne ek de âlde oaljelampen dy't yn 'e tsjerke hingje. Mei de komst fan it elektrysk ljocht ferdwûne de oaljelampen út de tsjerken, mar yn Lytsewierrum bleaune se bewarre en mei Kryst wurde de lampen noch jimmeroan brûkt.
De twa klokken yn de toer stamme út 1516 en 1950. In klok út 1737 waard yn de Twadde Wrâldkriich op lêst fan de Dútsers út de tsjerke helle en kaam net werom.[3]
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hie al in oargel yn 1733, dat neffens Nicolaes Arnoldi doe al tige âld wie. It instrumint waard sûnt noch fakentiden renovearre en reparearre, oant Van Dam yn 1870 it tsjintwurdige oargel boude. It front fan it oargel mei sierlik houtsnijwurk waard makke troch B.D. van der Meulen út Snits. Yn it ramt fan de renovaasje yn 1928 waard de kast beskildere. Doe is nei alle gedachten ek it houten gerdyn efter it oargel út it begjin fan de 19e iuw oerskildere yn de kleur fan de rest fan de wand, wêrtroch it hast net mear opfalt.[4]
Ofbylden Bibelske symboalen ferwulft
bewurkje seksje-
Fisk
-
Laam
-
Doke
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|