Getto fan Lemberg

It Getto fan Lemberg wie yn de Twadde Wrâldkriich it troch de nazy's fêststelde en ôffrede wengebiet fan de joaden yn de stêd Lemberg, it hjoeddeiske Lviv yn de Oekraïne. It getto moat net betiizge wurde mei it foar twangarbeid ynrjochte kamp Janovska, dat yn de moannen oktober en novimber fan it jier 1941 iepene waard.

It getto fan Lemberg yn de maaitiid fan 1942

It getto waard yn juny 1943 opheven. De lêste bewenners fan it getto waarden nei it ferneatigingskamp Belzec of foar twangarbeid yn it konsintraasjekamp Janovska opsletten.

Yn syn skiednis hearde Lemberg û.o. by Eastenryk-Hongarije en Poalen. Op 17 septimber 1939 besette Stalin neffens it Molotov-Ribbentroppakt, dat er mei Hitler sletten hie, it eastlike diel fan Poalen. Earder wiene, doe't de Dútsers Poalen ynfoelen, út it westlike diel fan Poalen al in soad joaden nei it eastlike diel flechte. Nei de besetting fan it eastlike diel fan Poalen troch it Reade Leger waard Lemberg yndield by de Oekraynske Sovjetrepublyk. Nei de Dútske besetting yn it ramt fan de Operaasje Barbarossa foarme de sted in diel fan it troch de nazy's stifte Generaal-gûvernemint.

De Dútske besetting fan Lemberg begûn op 30 juny 1941 en betsjutte it deafonnis foar de joadske mienskip. Krekt foar it weromlûken út Lviv liet de NKVD de politike finzenen massaal fermoardzje. Fuort nei de oermastering fan de stêd joegen de Dútsers opdracht jûn de NKVD-finzenissen te iepenjen en al gau kamen de grutskalige Sovjet-moarden oan it ljocht. Joaden krigen opdracht om de yn ûntbining ferkearende liken út de sellen te heljen en se yn de binnenhôf te lizzen. Der waarden likernôch 7.000 oant 10.000 lichems fan slachtoffers fan de kommunististyske terreur fûn. Yn guon sellen wiene de hopen liken sa heech dat se oan de plafonds takamen, sadat de Dútsers stopten mei de registraasje en de romtes ôfsleaten troch se ticht te mitseljen.

De Dútske propaganda lei de skuld fan de moarden del by joadske kommissarissen en trune de Oekraïners oan om wraak te sykjen. It fan Oekraïners gearstalde Bataillon Nachtigall kollaborearre mei de nazy's en de pogroms dy't folgen op de Dútske ynfal en útfierd waard troch leden fan dy Oekraynske nasjonalisten koste sa'n 4.000 minsken it libben.

In twadde grutte pogrom fûn plak yn it lêst fan july 1941. Dy pogrom wie organisearre troch de nazy's, mar waard útfierd troch de Oekraïners en soe de opmjitte wurde nei de folsleine ferneatiging fan de joadske mienskip fan Lviv. Tûzenen joaden waarden mishannele en mear as 2.000 fermoarde. Dêrnjonken skeaten SS-ers yn it stadion fan Lemberg sa'n 3.000 minsken, meastentiids joaden, dea.

Sûnt 8 july waard foar de joaden it dragen fan de stjer ynfierd. Op 22 july 1941 waard in Joadske Ried mei sân leden beneamd. Josef Parnes, in eardere advokaat, waard foarsitter fan de ried. Yn novimber skeaten de Dútsers him lykwols dea om't er wegere joaden oan te leverjen foar twangarbeid. Op 2 oktober 1941 waarden de earste 500 joadske manlju útsocht om yn it deunby lizzende konsintraasjekamp Janovska te wurken yn de Deutsche Ausrüstungswerke (DAW).

De stifting fan it getto, it Jüdische Wohnbezirk folge op 8 novimber 1941 yn opdracht fan Gruppenführer Fritz Katzmann. De joaden fan Lemberg krigen oant 15 desimber de tiid om te ferhûzjen nei it getto yn it noardlik diel fan de stêd, ien fan de earmste dielen fan de stêd. Om plak te meitsjen foar de joaden moasten de net-joadske ynwenners fan it nije getto harren hûzen ferlitte. Underweis nei it getto waarden hast 5.000 âldere en sike joaden deasketten, doe't se ûnder de spoarbrêge fan de Pełtewna-strjitte oerstieken nei de poarte fan it getto. In troch de Dútsers ynstelde joadske plysje (Jüdischer Ordnungsdienst) moast foar oarder soargje yn it oerfolle getto. Se droegen poalske unifoarms fan foar de Earste Wrâldkriich, wêrfan't de poalske symboalen ferfongen wiene troch stjerren. De likernôch 500 oant 750 man sterke plysjemacht foel ûnder de Joadske Ried, dy't ferfolgens wer oan de Gestapo ferantwurdlikens ôf lizze moast. Yn it getto waarden oant likernôch 110.000 oant 120.000 minsken finzen set. Oare boarnen hawwe it oer 160.000.

Deportaasjes

bewurkje seksje

It getto fan Lemberg wie ien fan de earste getto's wêrfan't joaden yn it ramt fan de Aktion Reinhard foar transporten nei de deadenkampen selektearre waarden. Tusken 16 maart en 1 april 1942 waarden likernôch 15.000 joaden nei it treinstasjon Kleparów brocht en fan dêrwei nei it ferneatigingskamp Belzec deportearre. Nei dy deportaasjes en slachtoffers fan sykte en eigenmachtige sjitpartijen wennen der noch likernôch 86.000 joaden yn it getto, in tal dat folle grutter wie troch't in soad net registrearre joaden yn it getto ferbleaune. Yn dy tiid waarden ek in soad joaden twongen te wurken foar de Dútsers, benammen yn it kamp Janovska. Op 24 en 25 juny waarden 2.000 joaden nei it kamp brocht, mar se koene dêr mar 120 brûke en de rest waard deasketten.

Tusken 10 en 31 augustus 1942 waard de Grosse Aktion útfierd. Sa'n 50.000 joaden waarden op in sammelplak yn Janovska by inoar brocht en nei Belzec deportearre. Wezen en pasjinten waarden net deportearre mar fuort delsketten. It getto waard no mei likernôch de helte lytser makke. Henryk Landesberg, de foarsitter fan de Joadske Ried, waard op 1 septimber 1942 tegearre mei oare leden fan de Ried en de plysjes fan it getto yn opdracht fan Erich Engels yn it iepenbier ferhongen oan de balkons fan it gebou fan de Joadske Ried oan de Łokietka-strjitte en de hoeke fan de Hermana-strjitte. Doe't de winter tichterby kaam wennen der noch sa'n 65.000 joaden yn it getto. Sûnder ferwaarming en sanitêre foarsjennings liede de oerbefolking al gau ta in útbraak fan tyfus.

Tusken 5 en 7 jannewaris 1943 waarden yn opdracht fan Fritz Katzmann nochris 15.000-20.000 joaden, dêrûnder ek de lêste leden fan de Joadske Ried, bûten de sted delsketten. Nei dy aksje waard de Joadske Ried ûntbûn. Dat wat fan it getto oerbleau waard no it Judenlager Lemberg; in wurkkamp mei likernôch 12.000 joaden dy't noch sûn genôch wiene om te wurkjen yn de kriichsyndustry en in pear tûzen yllegale joaden (benammen froulju, bern en âlderen) dy't harren skûl holden.

Oan it begjin fan de juny 1943 namen de nazy's it beslút om it getto te likwidearjen. De nazy's foelen it getto yn en alhoewol't der op guon plakken ferset wie, wêrby't ek in pear SS-ers ferwûne of deade waarden, besochten de measte joaden harren foar de Dútsers skûl te hâlden. Mei it yn 'e brân stekken fan benzine rikken de Dútsers de lêste joaden út harren skûlplakken. De troch de nazy's oppakte joaden waarden by it noardlik fan Belzec lizzende Piaski-ravyn fermoarde. Guon slaggen der lykwols yn om troch it rioel út te piken.

Nazy-jager Simon Wiesenthal wie ien fan de bekendste ynwenners fan it getto fan Lemberg. Tegearre mei noch in goede fyftich oare joaden soed er yn it ramt fan de jierdei fan Adolf Hitler yn Janovska eksekutearre wurde, mar hy waard holpen troch syn Dútske opsichter Adolf Kohlrautz, alhoewol't er letter dochs noch nei it konsintraasjekamp Mauthausen deportearre waard.[1]

Doe't it Reade Leger op 26 july 1944 Lemberg oermastere wiene der noch mar in pear hûndert joaden oer.

Rjochtfeardigen

bewurkje seksje

Guon ynwenners besochten de joaden te helpen en harren in skûlplak te bieden. De Poalske Kazimiera Nazarewicz joech ûnderdak oan de dochter fan in joadske famylje en brocht de yn it getto wenjende âlders iten. Nazarewicz krige nei de kriich de titel "Rjochtfeardige ûnder de Folken". Leopold Socha en Stefan Wróblewski wurken oan it ûnderhâld fan de rioelen fan Lemberg en soargen foar skûlplakken foar 21 joaden, dy't de likiwdaasje fan it getto oerlibbe hiene. Tsien fan dy joaden makken de befrijing mei. Socha, Wróblewski en harren froulju krigen ek de titel fan rjochtfeardige. Mei help fan bekenden wist de "rjochtfeardige" Miroslav Kravtsjûk syn eks-frou, in joadinne, en guon fan har famyljeleden en bekenden te helpen. Om 't de Gestapo him fertocht fan help oan joaden krige er seis moanne finzenis, mar hy oerlibbe de straf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Lwów Ghetto