Gewoan snieswamke
It gewoane snieswamke (Cuphophyllus virgineus) is in skimmel út de famylje waaksplaatsje-eftigen (Hygrophoraceae). De soarte komt foar op skraal, moasryk gerslân en yn berms. Faak binne se yn gruttere groepen fan septimber oant desimber te finen.
gewoan snieswamke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cuphophyllus virgineus | ||||||||||||
(Wulfen) Kovalenko 1989 | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe poddestuollen groeie meast yn groepen. De tinfleizige hoed mjit 1,5-3 (-5) sm en is wulve as er noch jong is, letter wurdt de hoed flak of komfoarmich mei yn 'e midden somtiden in lyts bultsje. By wiet waard kin de ivoarwite hoed wat ferkleurje. As it snieswamke fochtich wurdt krije de rânen trochskinende groeven.
De dikke, waakseftige en krêmwite lamellen steane relatyf wiid fan inoar en rinne by de stâl ôf. De stâl wurdt 2-5 oant 6 sm lang en 3-5 mm dik. Foar it grutste part is de stâl silindrysk fan foarm en nei ûnder ta wurdt er puntiger. Ynearsten is de stâl fan binnen fol mei fleis, mar letter wurdt dy hol. Oan 'e bûtenkant is de stâl glêd en ivoarwyt mei oan 'e basis in somtiden wat rôzebrunige kleur. It fruchtfleis rûkt net en smakket myld. It spoarepoeier is wyt.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe soarte komt nei alle gedachten yn symbioaze foar mei moas yn skraal gerslân. Snieswamkes ha in foarkar foar in kalkhâldende boaiem. Yn Noard-Amearika komme se ek yn bosk foar. De poddestuollen binne fan septimber oant desimber te sjen.
Gewoane snieswamkes komme yn 'e tuskenbeide sône fan it noardlik healrûn foar yn hiel Europa, Noard-Amearika en it noarden fan Aazje. De soarte is ek oantroffen yn Austraalje. Gewoane snieswamkes komme faker foar as de bedrige besibbe soarten en wurdt net bedrige.
Betizing
bewurkje seksjeDe soarte kin maklik betize wurde mei de net ytbere rûkende waaksplaat (Cuphophyllus russocoriaceus) en de trochstrings gewoane greidewaaksplaat (Cuphophyllus pratensis var. pallidus), dy trochstrings in grutter fruchtlichem hat en net hygrofaan is. Gefaarlik is de betizing mei de tige algemien foarkommende giftige greidetrachterswam (Clitocybe quisquiliarum).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|