Wâldbeantsje

(Trochferwiisd fan Giele Wâldbean)

It wâldbeantsje is in typyske Fryske pûlfrucht. It giele nierfoarmige beantsje wurdt noch ferboud yn De Wâlden tusken Rinsumageast en Jobbegea, al is it meast de âlderein dy't se yn de eigen tún stean hat. Wâldbeantsjes binne like grut as brune beantsjes mar by it weakjen sette se mear út. Se binne wat sêfter fan smaak en binne wat moaliger.

Der is noch in striegiele soarte dat op de klaai fan Grinslân iten wurdt, by Siddebuorren en Kolham.
Ien pûl jout 7-9 beantsjes. De beantsjes wurde om Alde Maaie (12 maaie) hinne setten. Yn tige wiete riten wurde se faak earder út de grûn helle om dan op in souder te drûgjen. De beantsjes wurde der wol wat grizer fan dan eins heart. In oare bedriging is de beankever, krektas by alle pûlfruchten, dy't aaikes yn de blommen leit. De larfkes komme dan út yn de beannen en frette oant se in rûp binne. De rûp ferpopket dan wer ta beankever en yn it nije jier begjint de syklus opnij..

It wâldbeantsje wurdt op it stuit ûnder de oandacht brocht troch it projekt Wâldpyk en Wâldprodukten.