Gielsnaffelleppelbek

De gielsnaffelleppelbek (Platalea flavipes) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).

Gielsnaffelleppelbek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai leppelbekken (Platalea)
soarte
Platalea flavipes
Gould, 1838
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Fleanende gielsnaffelleppelbek.

De likernôch 90 sm grutte fûgel is in grutte, smoarch-wite fûgel mei in lang leppelfoarmige snaffel, dy't typysk is foar it skaai. Underskiedend foar de soarte is de giele snaffel, de giele neakene hûd op it gesicht en de giele poarten. Der binne gjin ferskillen yn it fearrekleed tusken mantsjes en wyfkes.

Gedrach bewurkje seksje

Gielsnaffelleppelbekken wurdt yn sompige gebieten en brak wetter sjoen, mar selden oan by sâlt wetter. Se foerazjearje yn lytse groepkes troch op foar de leppelbekken karakteristike wize mei de snaffel yn it wetter hinne en wer te swyljen.

Se briede fan septimber oant april yn it suden fan Austraalje, yn it noarden fan maart oant maaie. De briedtiid is ôfhinklik fan de lokale waarsitewaasje en it fallen fan 'e rein. Se nestelje yn koloanjes fan in pear pearkes mei oare soarten.

Der wurde meast trije aaien lein, dy't yn 26 oant 31 dagen útbret wurde. Beide âlders briede en helpe mei it grutbringen.

Status bewurkje seksje

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet yn Austraalje en wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: