Pompejus
Gnaeus Pompeius Magnus (Latyn: CN·POMPEIVS·CN·F·SEX·N·MAGNVS) (Rome, 29 septimber 106 f.Kr. – Egypte, 28 septimber 48 f.Kr.) wie militêr en polityk leider ûnder de lette Romeinske Republyk. Hy foarme mei Markus Krassus en Julius Caesar it Earste Triumviraat (59-53 f.Kr.).
Politike en militêre wurkpaad
bewurkje seksjePompeius wie in soan fan de tige rike Romein Gnaeus Pompejus Strabo. Syn wurkpaad sette al op jonge leeftyd útein. Doe Sulla mei syn leger yn 88 f.Kr. opluts nei Rome, sammele Pompejus twa legioenen byelkoar en slute him by Sulla oan.
Wylst Sulla Rome ynnaam, gie Pompejus út syn namme nei Sisylje en Noard-Afrika om dêr de oanhingers fan Marius, de tsjinstanner fan Sulla, te bestriden. By syn weromkomst yn Rome, krige Pompejus de opdracht om de opstannige Sertoarius yn Spanje te ferslaan. Nei in lange kriich waard Sertorius troch in eigen offisier, Perperna, ombrocht en koe Pompejus weromkeare nei Rome.
Neidat er mei in spesjaal mandaat beklaaie wie om de piraten út Sisylje, dy't de Middellânske See teisteren, te bestriden, slagge hy yn in rap tempo dêryn harren út te rûgjen. Yn Rome hie men tocht dat hy de put yn trije jier foltôgje soe, mar it waarden trije moannen. Pompejus ferdriuw harren nei de eastlike boppehoek fan de Middellânske See. Hy joech de oerbleaune piraten de kar: deafechtsje of in nij libben begjinne. Hja keazen allen foar de lêste. Ut tankberens stiften de bekearde piraten de stêd Pompeiopolis (tichtby it tsjintwurdige Mersin). Dêrop naam Pompejus, yn 66 f.Kr., it befel oer fan de Romeinske generaal Lukullus en syn striid tsjin Mitridates VI fan Pontus. Nei inkele grutte oerwinningen behelle te hawwen organisearre Pompejus it grutste part fan it easten fan it Romeinske Ryk opnij.
Al dizze oerwinningen joegen him de earetitel Magnus (de Grutte), wat him op like hichte brocht as syn idoal Aleksander de Grutte.
It earste triumviraat (60-53 f.Kr.)
bewurkje seksjePompejus sleat him tegearre mei Markus Lisinius Krassus yn 60 f.Kr. oan by it Earste Triumviraat dat op inisjatyf fan en mei, Gaius Julius Caesar sletten waard, nettsjinsteande it ûnderlinge wantrouwen tusken beide mannen. Caesar moast as konsul yn 59 f.Kr. derfoar soarje dat Pompejus syn oarlochsfeteranen in stikje lân krige om te arbeidzjen. It triumviraat foel lykwols neidielich út foar Pompejus, doe't Krassus yn 53 f.Kr. sneuvele yn de striid tsjin de Parten en it triumviraat einige.
De oergong fan militêr nei politikus ferrûn foar Pompejus min. Sawat alle antike auteurs (û.a. Plutarchus, Kassius Dio en Appianus) skriuwe dan ek dat it foar Pompejus better west hawwe soe as er fuort nei syn grutste oerwinning op Mitridates ferstoarn wie. Neidat Pompejus yn de problemen kaam troch syn passive hâlding en minne beslissingen as gefolch fan ferkearde ynformaasje, luts hy him safolle mooglik tebek út it iepenbiere libben.
De problemen dy't letter ûntstiene troch de opstân fan Caesar soenen der lykwols foar soarje dat Pompejus opnij it harnas oanlutse moast.
Pompejus waard úthoulike oan Julia, de dochter fan Caesar en syn frou.
Tsjin Caesar
bewurkje seksjeOp 7 jannewaris 49 f.Kr. waard Pompejus as diktator oanstelle troch de senaat om de Republyk tsjin Caesar te ferdigenjen. It slagge Pompejus net op tiid in behoarlik leger op de bien te bringen en hy moast nei it Easten flechtsje. Yn it hiele Ryk bruts yn alle fûlens in boargeroarloch.
Pompejus hie in minder leger as dat fan Caesar, dat benammen út Galyske feteranen bestie. Lykwols helle hy yn it begjin de measte oerwinningen. Mar troch de beheiningen dy't Pompejus troch de senaat oplein waarden en de beslútteleasheid fan syn ûnderbefelhawwers waard Pompejus yn 48 f.Kr. ferslein yn de slach by Parsalus. Pompejus koe nei Egypte flechtsje dêr't Ptolemaios XIII hearske en dy't him help ferskuldige wie as cliens. Doe hy lykwols foet oan wal sette, waard Pompejus fermoarde. By Caesar syn oankomst yn Aleksandrje waard him it haad fan Pompejus oanbean. Caesar toande lykwols in hevige ôfkear fan dat "geskink".
Pompejus hie twa soannen neamd Gnaius en Sextus Pompeius Magnus Pius.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gnaeus Pompeius Magnus fan Wikimedia Commons. |