Mitridates VI
Mitridates (132 f.Kr.- 63 f.Kr.) wie fan sa. 120 f.Kr. oant syn dea kening fan Pontus. Pontus wie yn dy tiid it grutste keninkryk mei de measte kwizekwânsje yn Lyts-Aazje. Hy fierde trije krigen tsjin de Romeinske Republyk.
Skiednis
bewurkje seksjeMitridates wie lange tiid flechteling en hy hat ferskillende kearen bruorremoard plege moatten om de troan fan Pontus bestiigje te kinnen. Hy bemachtige ynearsten fruchtbere en foar de hannel wichtige gebieten yn (it tsjintwurdige) Súd-Ruslân en rjochte syn polityk dêrnei op de oermastering fan Lyts-Aazje. By dat stribjen rekke er yn konflikt my de allyksa op ekspânsje beluste Romeinen.
Dekt troch in bûnsmaatskip mei Armeenje en stipe troch de ûntefreden befolking fan de Romeinske provinsje Asia, dy't in protte te lijen hie ûnder korrupsje en it ienhalige beleid fan de Romeinske steedhâlders, sette hy yn 89 f.Kr. útein mei de striid. Oeral dêr't Mitrades kaam waard er wijd en seid ynhelle as befrijer en befredige de wraaksucht fan de pleatslike befolking troch in organisearre slachtpartij: fanút Ephesus joech hy it sein om yn it hiele lân op ien dei alle út Itaalje ôfkomstige Romeinske ûnderdienen (goed 80.000) fermoardzje te litten. Nei dy slachting stuts er oer nei Grikelân dêr't de minsken him lyksa mei jûchei ûnthellen.
De tebekslach kaam doe't Sulla yn Grikelân ferskynde: hy naam Atene yn en fersloech Mitridates syn troepen by Chaeronea. Yn 85 f.Kr. wie Lyts-Aazje wer yn Romeinske hannen en moast de befolking boete foar har opstân û.o. troch ûnfoech hege belêstingen.
Yn 74 f.Kr. ferfette Mitridates syn besikings, mar waard troch de betûfte Romeinske fjildhear Lukullus tsjinhâlden en twongen nei Armeenje te flechtsjen. Ek dat lân waard troch Lukullus ferovere, mar hy moast it lykwols wer priisjaan doe't er fan it kommando ûntheft waard. Dat foarfal joech Mitridates de gelegenheid him te werstellen, oant Pompejus yn 66 f.Kr. foarfêst mei him ôfrekkene. Mitridates flechte fuort nei de Krim en nei de see fan Azov, dêr't syn soan in rykje bestjoerde. Hy hy plannen om fan dêrút opnij de Romeinen opnij te bestoke. Dy plannen mislearen, omdat de befolking wegere de swiere lêsten foar de kriichsfiering op te bringen en yn opstân kamen.
Mitridates besleat doe in ein oan syn libben te meitsjen. It skynt dat er earst gif ynnommen hie (dat blykber net goed wurke!), wêrnei't er him, mei help fan in trouwe dienaar, op syn swurd stoarte.
Inkele legindes hawwe de mytefoarming om Mitridates fersterke. Sa soe er in fenomenaal ûnthâld hân hawwe en wie er by steat al syn manlju by de foarnamme te kennen en spruts er mear as 25 talen. Ek waard hy achte geregeld fertinne gif yn te nimmen, om sadwaande deadlike doases wjerstean te kinnen, in praktyk dy't mitridatisme neamd wurdt.
Oar
bewurkje seksjeDe opera Mitridate, Rè di Ponto fan Mozart is baseare op it ferhaal fan Mitridates.