De Goldene Meile wie yn 1945 in allieard kriichsfinzenekamp by de Dútske stêd Remagen (Rynlân-Palts). It kamp waard ferneamd nei in fruchtbere flakte op de lofter kant fan de Ryn tusken Remagen en Bad Breisig. Yn it kamp waarden sûnder likernôch 250.000 soldaten fan de Wehrmacht finzen set.

In Amerikaanske soldaat bewaakt it kriichsfinzenenkamp by Remagen

Stifting bewurkje seksje

Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich leine de Amerikaanske troepen lâns de Ryn in kriichsfinzenekampen foar Dútske soldaten oan. By de ferovering fan it Rynlân kamen likernôch 250.000 soldaten yn hannen fan de Amerikanen en nei de belegering fan it Ruhrgebiet kamen dêr nochris 325.000 by. Fanôf midden april 1945 waarden likernôch 660.000 Dútsers yn sokke kampen fêst holden.

De Amerikanen, dy't sels al brek oan alles hiene, krigen mei de ûndergong fan it westlike front ek noch ris de ferplichting om njonken de twa miljoen soldaten ek Dútske kriichsfinzenen ûnder te bringen en te fersoargjen. De kampen lâns de Ryn soene as trochgongskampen foar de provisoryske opfang fan finzenen tsjinje en de Golde Meile wie ien fan dy kampen.

It kamp bewurkje seksje

 
Loftbyld fan it kamp by Remagen

By de Goldene Meile giet it yn feite om twa kampen. De offisjele nammen fan de kampen wiene:

  • Prisoner of War Temporary Enclosure A2 (Remagen)
  • Prisoner of War Temporary Enclosure A5 (Sinzig)

It kamp A2 lei oan de Ryn fan Remagen oant Kripp. It kamp A5 lei súdlik fan de Ahr, dy't by Kripp yn de Ryn útmûnet, oant foar Niederbreisig. De kampen moasten troch de finzenen sels boud wurde en wiene mei stikeltried ôfsletten en sa yn twa, fan in oar skieden, arealen ferdield. Tusken de twa kampen lei it plak Kripp. Beide kampen waarden westlik troch it spoar en eastlik troch de Ryn begrinzge.

De beide kampen wiene oerbefolke; yn Remagen wiene op 2 maaie 1945 170.000 finzenen opsletten wylst yn it kamp fan Sinzig bytiden 118.000 minsken ynternearre sieten.

 
Kamp Sinzig

De kampen hiene ek noch in tal stikken dy't mei stikeltried apart fan it kamp ôfsûndere wiene, dêr't sa'n 5.000 oant 7.000 finzenen fêstholden waarden. Foar froulju en bernsoldaten wiene aparte gebieten ynrjochte.

Fersoarging bewurkje seksje

De fersoarging en akkomodaasje fan de finzenen skeat ekstreem tekoart. Der wiene gjin barakken en likemin sanitêre foarsjennings. Mar in pear finzenen mochten harren mantel of kamûflaazjepak hâlde, alle oare minsken wiene oan it ritige waar fan april oerlevere, yn in tiid dat it withoefaak reinde. Mei tige ienfâldich ark wisten guon finzenen gatten yn de grûn te graven, dêr't se beskerming foar de wyn en de rein sochten. In soad minsken stoaren yn de provisoaryske omstannichheden of waarden sels libbend begroeven as de gatten yn 'e grûn ynstoartten. It duorre wiken nei't de fersoarging wat better waard. Ek it drinkwetter foarme ynearsten in probleem, de finzenenen stienen oerenlang yn 'e rige foar wat gloarearre wetter út de Ryn.

Opheffing en folgen bewurkje seksje

Op 11 july 1945 namen de Frânsen it kamp oer, dy't it op 20 july opheften. In soad finzenen fan it kamp waarden nei oare kampen of nei Frankryk deportearre en foar in part nei ien of twa jier frijlitten. Foar salang as it kamp bestie ferstoaren 1.247 minsken oan dysentery, ûnderfieding en útputting. Dêrnjonken binne ek guon deasketten doe't se flechtsje woene.

Betinking bewurkje seksje

De finzenen fan it kamp wurde betocht mei de Kapelle Schwarze Madonna yn Remagen, in betinkingsstien yn Sinzig, it militêre begraafplak Bad Bodendorf, dêr't de ferstoarne finzenen begroeven binne, en in útstalling yn it Friedensmuseum Brücke von Remagen yn Remagen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Goldene Meile