Golf fan Carpentaria
De Golf fan Carpentaria is in grut, ûndjip diel fan 'e Arafuerasee, dat oan trije kanten omjûn wurdt fan it fêstelân fan Austraalje. Yn it noarden giet de Golf oer yn de iepen Arafuerasee, de natuerlike wetterskieding tusken Austraalje yn it suden en Nij-Guineä en Yndoneezje yn it noarden. Geologysk is de Golf noch jong - yn de lêste iistiid wie de Golf noch lân.
Golf fan Carpentaria | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Arnhimlân en it Kaap Yorkskiereilân | |
lân | Austraalje | |
steat / terr. | Noardlik Territoarium Queenslân | |
koördinaten | 14° S, 149° E | |
ûnderdiel fan | Arafuerasee | |
sifers | ||
maks. lingte | 700 km | |
maks. breedte | 590 km | |
oerflak | 300.000 km² | |
djiptegemiddelde | 60 m | |
djipste punt | 82 m | |
Kust by Karumba, yn Queenslân. |
It lân oan de Golf is meast flak en leechlizzend. Bewesten fan de Golf leit Arnhimlân en de Top End-regio fan it Noardlik Territorium. Yn it easten leit Kaap Yorkskiereilân, yn it suden de Gulf Country-regio, beide yn Queensland. Mei in oerflak fan 2.260 km² is it foar de kust fan Arnhimlân lizzende Groote Eylandt it meast grutte eilân yn de Golf; fierders lizze der noch in stikmannich lytse eilannen foar deselde kust.
It gebiet is yn 1606 troch skipper Willem Jansz foar it earst kartearre. Yn 1623 neamde Jan Carstens de golf nei de gûverneur fan Batavia Pieter de Carpentier. Abel Tasman ferkende de kust yn 1644. Yn 1802 en 1803 waard de golf sekuer yn kaart brocht en fierder ferkend troch Matthew Flinders. De earste ekspedysje oer lân dy't de Golf berikte wie dy fan Burke en Wills, laat troch Robert O'Hara Burke en William John Wills, dy't yn augustus 1860 yn Melbourne úteinsette en yn febrewaris 1861 by de Bynoe Rivier oankaam.
It klimaat is dêr hjit en fochtich mei twa seizoenen yn it jier. It drûge seizoen duorret fan april oant novimber, en wurdt skaaimerke troch tige drûge súdeastlike oant eastlike wyn. It wiete seizoen rint fan desimber oant maart. De measte rein falt dan en soarget foar oerstreamings yn de leechlizzende gebieten. De Golf is ek de widze fan sykloanen yn de perioade tusken novimber en april.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gulf of Carpentaria fan Wikimedia Commons. |