Queenslân

(Trochferwiisd fan Queensland)

Queenslân (Ingelsk: Queensland) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet it noardeastlike part fan it lân, wêrfan't it noarden djip yn 'e tropen leit. Krekt as de Amerikaanske steat Floarida stiet Queenslân bekend as de Sunshine State ("Sinnenskynsteat"). De haadstêd en teffens de grutste stêd is Brisbane, dat de op twa nei grutste stêd fan Austraalje is. Mei 22,5% fan it nasjonaal grûngebiet is Queenslân it op ien nei grutste Australyske gewest (nei West-Austraalje). Fral it binnenlân is lykwols mar tin befolke. Neffens gegevens út 2012 hie Queenslân doe rom 5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 20,1% fan 'e totale Australyske befolking.

Queenslân
Queensland
flagge wapen
Latyn: Audax at fidelis ("Drystmoedich mar trou")
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting QLD
lân Austraalje
status steat
haadstêd Brisbane
grutste stêd Brisbane
sifers
ynwennertal 5.027.889 (2012)
befolkingstichtens 2,9 / km²
oerflak 1.852.642 km² (ynkl. wetter)
1.730.620 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC +10 (gjin S.T.)
webside www.qld.gov.au

De steat is ferneamd nei de Britske keninginne Fiktoaria, dy't op 6 juny 1859 de oarkunde tekene dêr't Queenslân mei losmakke waard fan Nij-Súd-Wales. In oare namme dy't yn 'e running wie, wie Cookslân (Cooksland), nei de ferneamde ûntdekkingsreizger James Cook.

 
It Grutte Barriêrerif.

Queenslân hat in oerflak fan 1.852.642 km², wêrfan't 1.730.620 km² út lân bestiet en 121.994 km² út wetter. Dêrmei is it nei West-Austraalje it grutste Australyske gewest. De steat grinzget yn it westen, op persiis 138° easterlingte, oan it Noardlik Territoarium, yn it súdwesten oan 'e steat Súd-Austraalje, en yn it suden oan 'e steat Nij-Súd-Wales. De eastlike útein fan 'e súdgrins, fuort by de kust, is it iennichste part fan 'e steatsgrinzen fan Queenslân dat net in rjochte line is. Yn it easten leit de steat oan 'e kust fan 'e Tasmansee, dy't yn it noardeasten oergiet yn 'e Koraalsee; allebeide hearre dy seeën ta de Stille Oseaan. Yn it hege noarden foarmet de smelle Torresstrjitte, tusken de noardkaap fan Queenslân en de súdkust fan Nij-Guineä, in seeferbining mei de Arafuerasee, yn it uterste noardwesten. De noardwestkust, ta einbeslút, leit oan 'e Golf fan Carpentaria.

It súdwestlike binnenlân fan Queenslân makket diel út fan 'e Simpsonwoastyn, al is it dêr al net mear sa drûch as fierder nei it westen ta. Yn it easten rint it Grutte Skiedingsberchtme lykop mei de kusten fan 'e Stille Oseaan en de Koraalsee. It súdeastlike kustgebiet en it direkte efterlân dêrfan, ynklamme tusken de bergen en de kust, is it tichtstbefolke diel fan 'e steat, dêr't û.m. de haadstêd Brisbane en de fakânsjebestimming Surfers Paradise lizze. Foar de eastkust leit it grutte eilân Fraser, it grutste sâneilân fan 'e wrâld, dat op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet. In oar diel fan Queenslân dat op 'e Wrâlderfgoedlist stiet, is it op plakken 80 km brede Grutte Barriêrerif, dat him oer in ôfstân fan 2000 km foar de Queenslânske east- en noardeastkusten útstrekt.

 
De stêd Townsville.

Yn it noarden stekt it grutte, op in punt tarinnende Kaap Yorkskiereilân út yn 'e see, wêrby't it omjûn wurdt troch Koraalsee yn it easten, de Torresstrjitte yn it noarden, de Arafuerasee yn it noardwesten en de Golf fan Carpentaria yn it westen. It ynformele haadplak fan it tropyske noarden is Cairns, en der bestiet yn Noard-Queenslân in politike beweging dy't it gebiet losmeitsje wol fan 'e rest fan Queenslân om in aparte steat binnen de Australyske federaasje te wurden. De noardkaap, dêr't it skiereilân nei neamd is, hjit fan Kaap York. Noardlik dêrfan lizze dan noch de Torresstrjitte-eilannen, mei Boigu, fuort foar de kust fan Papoea Nij-Guineä, as noardlikste diel fan Queenslân.

De ierste bewenning fan Queenslân giet nei alle gedachten mear as 52.000 jier tebek. De lânseigen befolking berikte it gebiet wierskynlik troch mei boatsjes de oerstek út 'e Yndyske Arsjipel te weagjen, of mooglik fia in lânbrêge troch de Torresstrjitte. Doe't Queenslân ûnder de lêste iistiid in drûger klimaat krige en dêrtroch syn begroeiïng grutdiels ferlear, late dat fan needs ta de ûntwikkeling fan 'e earste siedmealtechnyk út 'e skiednis fan 'e minskheid. Oan 'e ein fan 'e iistiid kaam der wer mear rein, dy't de groei fan 'e tropyske reinwâlden yn it noarden fan 'e steat stimulearre.

De earste Jeropeaan dy't Queenslân oandie, wie de Nederlanner Willem Jans, dy't yn febrewaris 1606 by Weipa lâne, op 'e westkust fan it Kaap Yorkskiereilân. Behalven de earste dokumintearre lâning fan in westerling yn Austraalje, fûn dêrby ek it ierst bekende kontakt tusken Jeropeänen en Aboriginals plak. Yn 'e achttjinde iuw waard de regio ferkend troch de Frânske en Portegeeske ûntdekkingsreizgers Louis Antoine de Bougainville en Luís Vaz de Torres, ear't James Cook yn 1770 as earste Brit op it toaniel ferskynde. Dyselde naam de hiele eastkust fan it Australyske kontinint út namme fan 'e Britske Kroan yn besit, en neamde it gebiet Nij-Súd-Wales. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw hie de lânseigen befolking fan Queenslân slim te lijen ûnder in epidemy fan 'e pokken, dy't de blanke ûntdekkingsreizgers der brocht hiene, en dêr't de Aboriginals gjin ferwar tsjin hiene.

 
De Galileämar, yn Queenslân.

Yn 1823 waard de Britske ûntdekkingsreizger John Oxley útstjoerd fanút wat no Sydney is, mei as doel en sjoch om nei in gaadlik plak foar in nije strafkoloanje. Hy ûntdiek de mûning fan 'e rivier de Brisbane, en kearde in jier letter werom om in delsetting te stiftsjen op it plak dêr't no Redcliffe leit. Dy delsetting, dy't yn 't earstoan bekendstie ûnder de namme Edenglassie, waard koarte tiid letter ferpleatst nei in gaadliker plak dat no it stedssintrum fan Brisbane foarmet. Doe't yn 1839 in ein kaam oan 'e oerseeske deportaasje fan feroardielden út Grut-Brittanje wei, late dat ta de opheffing fan 'e strafkoloanje fan Brisbane. Fan 1842 ôf waard der frije kolonisaasje yn it gebiet tastien, en it earste skipfol frije kolonisten út Jeropa wei arrivearre yn 1848.

De oanhâldende kolonisaasje fan in almar úttynjende grûngebiet troch de blanken late ta de saneamde Foargrinsoarloch (Frontier War) mei de lânseigen Aboriginal-befolking, dy't yn Queenslân bloediger wie as wêr ek yn Austraalje. De reden dêrfoar wie nei alle gedachten dat Queenslân, of alteast it súdeastlike diel derfan, in gruttere oarspronklike befolking hie as de measte oare parten fan it lân. Ut in histoarysk ûndersyk út 2010 kaam nei foarren dat der by dizze striid yn 'e hiele njoggentjinde iuw likernôch 1.500 Jeropeeske kolonisten en bûnsgenoaten fan harres (besteande út party Aboriginals en fierders Sinezen en Melaneziërs) omkamen. Oan 'e kant fan 'e lânseigen befolking lei it deadetal nei alle gedachten boppe de 30.000. Dêrby diene har in grut tal ynsidinten foar dy't tsjintwurdich oanmurken wurde soene foar oarlochsmisdieden, mar dy't doe ûnder de blanken as in normaal útfloeisel fan 'e "oarloch" beskôge waarden, al waard der bytiden iepentlik oer in "útrûgingsoarloch" sprutsen. De saneamde Native Police Force, dy't ûnder it koloniale bestjoer fan Queenslân foel, wie fierhinne ferantwurdlik foar dizze ûnderdrukking fan 'e Aboriginals. Yn deselde snuorje fûn teffens it Bloedbad fan Hornet Bank plak, wêrby't op 27 oktober 1857 op 'e feepleats Hornet Bank, oan 'e rivier de Dawson, 11 Jeropeänen fermoarde waarden by in oerfal troch de Aboriginals. Dat wie it grutste blanke ferlies út 'e Australyske skiednis.

Queenslân waard yn 1859 bestjoerlik losmakke fan Nij-Súd-Wales, en waard doe in aparte Britske koloanje, mei Brisbane as haadstêd. It oare jiers, yn 1860, krige Queenslân selsbestjoer. It earste spoar waard yn 1865 oanlein, en fanôf 1867, doe't de ûntdekking fan goud oan 'e rivier de Mary, deunby it stedsje Gympie, in goudkoarts feroarsake, groeide de koloniale ekonomy as koal. Mei't der op 'e sûkerreidplantaazjes fan sintraal en noardlik Queenslân in protte en leafst sa goedkeap mooglike wurkkrêften nedich wiene, waarden fan 'e 1860-er jierren oant de iuwwiksel saneamde Kanaka's oanlutsen fan 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee, lykas Nij-Kaledoanje, de Salomonseilannen, de Nije Hebriden en Fidzjy. In grut diel fan dy lju kaam net út eigen wil oer, mar wie ronsele of planút ûntfierd troch wat feitlik blanke slavekeaplju wiene. Dy praktyk stie bekend as blackbirding. Hja waarden tsjin har wil nei Queenslân ta brocht, dêr't se yn in sitewaasje fan iepentlike of ferkapte slavernij telâne kamen. Nei't Queenslân op 1 jannewaris 1901 in steat fan 'e Australyske Federaasje wurden wie, waard der rasistyske wetjouwing ynfierd dy't ymmigraasje beheinde ta blanken, wêrnei't de measte Kanaka's sûnder pardon it lân út bonsjoerd waarden. Lykwols libje der tsjintwurdich benammentlik yn Queenslân noch altyd sa'n 200.000 neikommelingen fan 'e Kanaka's, dy't har no Súdsee-eilanners neame (mei't se "Kanaka" as in denigrearjende beneaming beskôgje).

 
De sit fan it steatsparlemint fan Queenslân, yn Brisbane.

Yn 1935 waard yn Queenslân de reuzepodde út Hawaï wei yntrodusearre, by in min trochtocht en ûnsúksesfol plan om ferskate skealike ynsektesoarten oan te pakken dy't de sûkerreidproduksje oantaasten. De ûnbidich grutte podden hiene der lykwols gjin belang by om efter in pear neatige ynsekten oan as de gruttere lânseigen fauna gjin ferwar tsjin harren hie. Boppedat hiene de podden gjin natuerlike fijannen yn Queenslân, en de bisten dy't àl besochten har op te iten, giene der sels oan, want reuzepodden binne giftich. Sadwaande planten de podden har mar omraak fuort en ferspraten se har oer hast hiel eastlik Austraalje, dêr't se oant hjoed de dei in pleach foarmje en in grutte bedriging foar de dochs faak al bedrige lânseigen fauna.

Queenslân is de iennichste Australyske steat mei in ienkeamerich steatsparlemint. It hegerhûs fan 'e steat is nammentlik yn 1922 ôfskaft. It oerbleaune legerhûs is de Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly), dy't 89 sitten telt. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje).

 
Sûkerreidfjilden besuden Childers, yn sintraal Queenslân.

Queenslân wurdt regearre troch in eigen steatsregear, mei oan it haad in minister-presidint. It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Queenslânske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie.

Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Queenslân yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 30 fan 150 sitten (20%).

De ekonomy fan Queenslân draait fierhinne op 'e mynbou en it toerisme. Op it mêd fan 'e mynbou wurdt der yn 'e steat û.m. bauksyt, stienkoal, sulver, lead, sink, goud en koper út 'e grûn helle. Fan 'e mynbou is in grut diel fan 'e Queenslânske yndustry ôfhinklik, mei't bygelyks it bauksyt ferwurke wurt ta aluminium, ear't it eksportearre wurdt. Op it plattelân fan 'e steat, de outback, sa't men yn Austraalje seit, is de lânbou noch altyd tige wichtich. Dêrby giet it yn it suden fral om feehâlderij, fan skiep en kij, wylst yn it sintrale diel en it noarden bananen, ananassen, pinda's, fruit en grienten, sûkerreid en katoen ferboud wurdt.

 
De skyline fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân.

Oangeande de tsjinstesektor moat men yn Queenslân benammen tinke yn termen fan toerisme en de dêrmei nau ferbûne detailhannel. De toeristyske brâns bringt yn 'e steat elts jier Au$4 miljard yn 't laadsje, wat delkomt op 4,5% fan it Queenslânske bruto steatsprodukt. De wichtichste toeristyske bestimmings binne de saneamde Goudkust (in surferswalhalla en Austraaljes "ferdivedaasjeparkhaadstêd"), it Grutte Barriêrerif, it tropyske noarden, de steatshaadstêd Brisbane, Cairns (dat de poarte ta it Grutte Barriêrerif foarmet), it eilân Fraser, en ferskate strânbestimmings oan 'e eastkust.

Doe't nei de Twadde Wrâldoarloch airconditioning beskikber waard foar gewoane huzen, late dat yn súdeastlik Queenslân ta in wiere befolkingseksploazje troch migraasje dêrhinne út oare dielen fan Austraalje wei. Neffens gegevens út 2012 hie Queenslân doe 5.027.889 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 2,9 minsken de km². Neffens gegevens út 2004 wenne fan 'e steatsbefolking doe 45,7% yn 'e haadstêd Brisbane. Oant 2008 hie Queenslân desennialang de fluchst groeiende befolking fan alle Australyske gewesten.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 bestiet tsjin 'e 60% fan 'e Queenslânske befolking út kristenen, mei as grutste groepen de roomsen (23,8%), de anglikanen (18,9%), de feriene protestantske Uniting Church in Australia (8,4%) en de presbyterianen en kalvinisten (3,5%). Ateïsten en agnosten makken 22,1% fan 'e befolking út, wylst alle oare kristlike denominaasjes en net-kristlike godstsjinsten mei-inoar 25,3% foarme.

 
De skyline fan Surfers Paradise, oan 'e Queenslânske Goudkust.

Der binne fiif klimaatsônes yn Queenslân: it tropyske noarden; de súdeastlike kuststripe, mei waarme wiete simmers en mylde drûge winters; de midden en it westen, mei hjitte drûge simmers en mylde drûge winters; it ynlânske súdwesten, mei hjitte drûge simmers en koele drûge winters; en de súdeastlike bergen, mei waarme wiete simmers en kâlde drûge winters. Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat men yn Queenslân twa jiertiden hat: in "winter" mei waarme temperatueren en minimale delslach, en in neare simmer, mei hjitte temperatueren en mear delslach as winterdeis. Dêrby kriget it ynlânske, woastinige súdwesten de minste rein, en it tropyske noarden mei de moesson de measte.

Snie falt mei ienige regelmaat yn 'e bergen oan 'e súdlike grins mei Nij-Súd-Wales, mar op oare plakken mar komselden. Rekôrtemperatueren yn Queenslân wiene 49,5 °C op 24 desimber 1972 te Birdsville, en –10,6 °C op 23 juny 1961 yn Stanthorpe. De steat leit yn in gebiet dat gauris troffen wurdt troch natoerrampen. Sa is it yn 'e lêste tsien jier noch besocht troch de sykloanen Larry, Yasi en Ita. Drûchten, boskbrannen en tornado's komme ek geregeldwei foar, en yn 2011 hie it súdeasten fan Queenslân moannenlang te kampen mei de swierste oerstreamings út 'e skiednis fan 'e steat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
              Austraalje
 
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
  ·   ·