Macquarie (eilân)

Macquarie (Ingelsk: Macquarie Island) is in eilân op 'e grins fan 'e Stille Oseaan en de Súdlike Oseaan, dat likernôch healwei Nij-Seelân en Antarktika leit, op 54°30′ suderbreedte by 158°57′ easterlingte, dêr't twa tektoanyske platen inoar reitsje. Bestjoerlik falt it ûnder de Australyske steat Tasmaanje, al leit de Tasmaanske kust mear as 1.500 km nei it noardwesten. Macquarie hat gjin permaninte bewenners, mar sûnt 1948 ûnderhâldt de Australyske Antarktyske Difyzje in basis op it eilân, wêrfan't de besetting fariëarret tusken de 20 en 40 minsken. Macquarie hat in oerflak fan 128 km², en mjit 34 km fan noard nei súd, en 5 km fan west nei east. Sûnt 1978 is it in Tasmaansk steatsnatoerreservaat en sûnt 1997 stiet it op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.

Macquarie
Macquarie Island
flagge wapen
Latyn: Ubertas et fidelitas ("Fruchtberens en trou")
Macquarie, dat ûnbewenne is, fiert de flagge, it wapen en it biedwurd fan Tasmaanje.
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
Tasmaanje
pol. status territoarium ûnder steatsbestjoer
haadstêd n.f.t.
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal (ûnbewenne)
befolkingstichtens 0 / km²
oerflak 128 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid n.f.t.
tiidsône UTC+11
tillefoan n.f.t.
ynternetekstinsje n.f.t.
webside n.f.t.

De Australysk-Britske jager Frederick Hasselborough ûntdiek it Macquarie by tafal yn july 1810, doe't er op 'e sneup wie nei nije seehûnejachtgrûnen.[1] Hy naam it eilân yn besit út namme fan 'e Britske Kroan, en broch it ûnder it bestjoer fan 'e koloanje Nij-Súd-Wales. It waard ferneamd nei generaal Lachlan Macquarie, dy't fan 1809 oant 1821 gûverneur fan Nij-Súd-Wales wie.

Fabian Gottlieb von Bellingshausen, dy't de Súdlike Oseaan ferkende foar tsaar Aleksander I fan Ruslân, brocht yn 1820 de kust fan Macquarie yn kaart. Bellingshausen lâne op 28 novimber fan dat jier op it eilân, bepaalde de posysje derfan en joech de dêr oanwêzige seehûnejagers rum en iten yn ruil foar eksimplaren fan 'e pleatslike fauna. Fan 1810 oant 1919 waarden de seehûnen en pinguins dêr sa yngeand bejage, dat hja kamen it punt fan útstjerren nei-oan.

Yn 1890 die Nij-Súd-Wales it eilân oer oan Tasmaanje, dat it tusken 1902 en 1920 ferpachte oan Joseph Hatch (1837-1928), dy't der in bedriuw hie dat oalje út pinguins wûn. Tusken 1911 en 1914 waard it eilân in basis foar de Australyske poalekspedysje ûnder sir Douglas Mawson. George Ainsworth hie der fan 1911 oant 1913 in meteorologysk stasjon. Hy waard opfolge troch Harold Power, fan 1913 oant 1914, en doe troch Arthur Tulloch, fan 1914 oant de sluting yn 1915.

 
De kust fan Macquarie.

Yn 1933 waard Macquarie ta natoerreservaat ferklearre, wat definityf in ein oan 'e jacht dêre makke, en yn 1972 krige it de status fan steatsreservaat ûnder de Tasmaanske Wet op 'e Nasjonale Parken en Fauna, út 1970. De Australyske Nasjonale Antarktyske Undersyksekspedysjes (Australian National Antarctic Research Expeditions, ANARE) fêstige op 25 maaie 1948 syn haadkertier op Macquarie. Yn 1997 waard it eilân fanwegen syn unike geology op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO set. Op 23 desimber 2004 fûn der op Macquarie in ierdbeving fan 8,1 op 'e Skaal fan Richter plak, ien fan 'e swierste ierdskoddings ea metten, mar dy rjochte net folle skea oan.

Ekologysk lykwicht

bewurkje seksje

De ekology fan Macquarie waard nei de komst fan de earste Jeropeänen, yn 1810, al rillegau oantaasten. De bisten waarden bejage foar harren pels en fet. Rotten en mûzen, dy't mei de skippen meikamen, diene it der sa goed sûnder natuerlike fijannen dat men al gau katten ynfiere moast om foar te kommen dat de kjifdieren ta de minsklik fiktaalje sieten. Om 1870 hinne waarden kninen op it eilân loslitten om as iten foar seelju te tsjinjen. Dat, yn 'e santiger jierren fan 'e tweintichste iuw wiene de ûnderwilens 130.000 kninen ferantwurdlik foar grutte skea oan it plantelibben.[2]

De ferwyldere katten hiene in ferneatigjende ynfloed op de seefûgelpopulaasje; men rûst it tal slachtoffers op 60.000 jiers. Fan 1985 ôf docht men war om it tal katten werom te kringen. Yn juny 2000 waarden de lêsten fan 'e oarspronklik 2.500 eksimplaren tellende kattepopulaasje deadien om 'e seefûgels te sparjen,[3] mar dat hie fan gefolgen dat it tal rotten en kninen wer tige tanaam, en in soad skea oanrjochte waard oan 'e lânseigen floara en fauna fan it eilân.

Om 1980 hinne wiene der noch sa'n 10.000 kninen oer, en mei as doel om dy ek út te rûgjen, yntrodusearre men doe mei sin de kninesykte myksomatoaze op it eilân, mar dat holp net. Tsjin 2006 wiene der wer sa'n 100.000 kninen op Macquarie.[4] De kninen soargen dat boaiemeroasje op grutte skaal taslaan koe en de kjifdieren frieten de jongen fan 'e fûgels op. Yn 2006 feroarsake in grutte lânferskowing by de Lusitaniabaai in grut tal deaden yn in pinguinkoloanje. De oarsaak wie in gearrin fan fûle rein mei it effekt it gegnabbel fan 'e kninen.[5]

Yn jannewaris 2009 woene wittenskippers hawwe dat it útrûgjen fan 'e ferwyldere katten de kninen tige yn 'e kaart spile hat, mei fan gefolgen in grutte feroaring oan 'e lânseigen floara.[6] Yn juny 2007 rûsde men dat men noch seker sa'n sân jier nedich hawwe soe om it eilân ekologysk wer yn lykwicht te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

refererinsjes:

  1. The Australian Geographic book of Antarctica, Scott, Keith, 1993; Australian Geographic |Terrey Hills, New South Wales; isbn=1862760101; side 14
  2. Macquarie Island faces 'ecosystem meltdown' after conservation efforts backfire. The Guardian, sjoen 12 jannewaris, 2009.
  3. Cull upsets island's ecological balance - Telegraph
  4. [1] Fears for sub-antarctic island plagued by rabbits , News Online, Australian Broadcasting Corporation, 2006-07-15
  5. [2] Rabbits blamed for penguin deaths in landslide News Online, Australian Broadcasting Corporation 2006-10-21
  6. [3] Lessons learned from devastating effects of cat eradication on Macquarie Island

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
              Austraalje
 
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
  ·   ·