Koraalsee-eilannen

De Koraalsee-eilannen (Ingelsk: Coral Sea Islands) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat bestiet út in grut tal ûnbewenne tropyske koraaleilantsjes en koraalriffen yn 'e Koraalsee, noardeastlik fan 'e Australyske steat Queenslân. Bestjoerlik foarmet it gebiet it Koraalsee-eilanneterritoarium (Coral Sea Islands Territory), dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear.

Koraalsee-eilannen
Coral Sea Islands
flagge wapen
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
De Koraalsee-eilannen, dy't ûnbewenne binne, fiere
de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
pol. status ekstern territoarium
haadstêd n.f.t.
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 4 (gjin permaninte bewenning)
befolkingstichtens 0,000005 / km²
oerflak 780.000 km² (ynkl. wetter)
10 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid n.f.t.
tiidsône UTC+10 (gjin S.T.)
tillefoan n.f.t.
ynternetekstinsje n.f.t.
webside n.f.t.

Geografy bewurkje seksje

Hoewol't it Koraalsee-eilanneterritoarium in oerflak hat likernôch 780.000 km², bestiet mar 10 km² dêrfan út lân. It gebiet strekt him út yn 'e Koraalsee, noardeastlik fan it Grutte Barriêrerif, foar de kust fan 'e Australyske steat Queenslân, dat sels net ta it territoarium heart. Der binne likernôch 30 ûnderskate riffen en atollen yn 'e eilannegroep, wêrfan't 12 der by heech tij alhiel ûnder strûpe, wylst 18 oaren ien of mear stikjes drûch lân hawwe. Dy achttjin atollen omfiemje mei-inoar yn totaal 51 eilantsjes, wêrfan't guon in foarm fan begroeiïng hawwe, wylst oaren folslein keal binne.

 
It automatysk waarstasjon op it eilân Cato.

De atollen ferskille tige yn grutte, want wylst guon mar in pear km yn trochsneed binne, heart ek it op ien nei grutste atol fan 'e wrâld ta de groep, Lihou Rif, dat 100 by 30 km mjit en in oerflak hat fan 2.500 km² (de lagune ynbegrepen). Fan 'e 51 eilantsjes yn it territoarium hearre der 18 ta Lihou Rif. De measte atollen kinne opdield wurde yn twa groepen: in gruttere noardwestlike groep, mei û.o. Osprey Rif, Willis en Lihou Rif, en in behindiger súdeastlike groep, mei û.o. Fredericks Rif en Cato Rif. Trije atollen falle bûten dy groepen: Mellish Rif, dat fier nei it noardeasten leit en dêrmei it fierst fan 'e Australyske kust ôf, en Middleton Rif en Elizabeth Rif, dy't tegearre mear as 800 km nei it suden lizze, en feitliks in lytse eksklave fan it Koraalsee-eilanneterritoarium yn 'e noardlike Tasmansee foarmje. Dy beide riffen lizze folle tichter by it eilân Lord Howe, dat ta Nij-Súd-Wales heart (en likernôch 150 km nei it suden leit), as by de rest fan it territoarium.

Alle eilannen yn it territoarium lizze tige leech, en rinne mei de stiging fan 'e seespegel it risiko om der foargoed ûnder te strûpen. Automatyske waarstasjons binne op 8 fan 'e atollen oanlein, wylst op fiif fan 'e atollen ûnbemanne fjoertuorren steane. Hoewol't it territoarium gjin permaninte bewenners hat, is it eilân Willis it iennichste dat bewenne wurdt, mei't dêr yn 1921 in meteorologysk stasjon boud is dêr't it jier rûn in pear wittenskippers (yn 'e regel net mear as fjouwer) tahâlde.

Skiednis bewurkje seksje

De Koraalsee-eilannen waarden yn 1803 foar it earst yn kaart brocht. Yn 'e 1870-er en 1880-er jierren waard der op 'e eilannen gûano wûn (seefûgelstront, oftewol fosfaat, foar keunstmest), mar it ûntbrekken fan in permaninte swietwetterfoarrie kearde op 'e lange termyn de kolonisaasje fan it gebiet tsjin. Yn 1901, doe't seis Britske koloanjes de Australyske Federaasje foarmen, kamen de eilannen by Austraalje te hearren, as ûnderdiel fan 'e steat Queenslân. Nei hast santich jier waarden se yn 1969 bestjoerlik fan Queenslân losmakke, en waard it Koraalsee-eilanneterritoarium oprjochte, dat yn 1997 útwreide waard mei it súdlike Middleton Rif en Elizabeth Rif.

 
In koraalrif yn it Koraalsee-eilanneterritoarium.

Bestjoer bewurkje seksje

De Koraalsee-eilannen foarmje in ekstern territoarium fan Austraalje, it Koraalsee-eilanneterritoarium, dat ûnder direkt bestjoer fan it Australyske federale regear yn Canberra falt. De útfierende macht yn it gebiet is yn 'e hannen fan 'e minister dy't ferantwurlik is foar de territoaria, op 't heden de minister fan Binnenlânske Saken. (Foar 29 novimber 2007 lei de ferantwurdlikheid foar it bestjoer fan it Koraalsee-eilanneterritoarium by de it Ministearje fan Transport en Regionale Tsjinsten.) De ferdigening fan it gebiet is tabetroud oan 'e Keninklike Australyske Marine, dy't geregeldwei troch it territoarium patrûljearret.

Floara en fauna bewurkje seksje

De Koraalsee-eilannen foarmje in wichtich natoergebiet, dêr't ek de toeristyske sektor fan belang is, mei in frij grutte mar noch nea krekt metten bedriuwigens op it mêd fan charterfiskerij en djipseedûken. Guon fan 'e eilannen, fral Willis en omlizzende eilantsjes, foarmje in belangryk briedgebiet foar seefûgels, dêr't ek seeskylpodden harren nêsten oanlizze. Under wetter binne de koraalriffen fan withoegrut belang, dy't in ûnmisber mar kwetsber plak ynnimme yn it ekosysteem fan it gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes op dizze side.

 
             Austraalje
 
steaten
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen