De Golf fan Tailân is in ûnderdiel fan de Súdsineeske See. Maleizje, Tailân, Kambodja en Fjetnam lizze dêr omhinne. De totale oerflakte bedraacht om-ende-by 320.000 km². Yn it noarden, ek wol de Bocht fan Bangkok neamd, mûnet de rivier de Menam (ek: Chao Phraya) der yn út.

Golf fan Tailân
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken it fêstelân fan
   Súdeast-Aazje en it
   skiereilân Malakka
lân Fjetnam
Kambodja
Maleizje
Tailân
koördinaten 9°30′ N, 102°0′ E
ûnderdiel fan Súdsineeske See
sifers
maks. lingte 800 km
maks. breedte 560 km
oerflak 320.000 km²
djiptegemiddelde 58 m
djipste punt 85 m

De trochsneed djipte is 45 meter en it djipste punt leit op 80 meter, wêrmei de Golf fan Tailân relatyf sjoen net djip is. Dêrtroch ferrint it fermingen fan swiet- mei sâltwetter ek stadich. De sterke wettertafier fan grutte rivieren, lykas de Menam, makket ek dat it wetter yn de golf net sa sâlt is en in protte sedimint befettet.

Troch de tropyske waarmte fan it wetter fan de golf komme der in protte koraalriffen voor. De golf is foarme nei de lêste iistiid yn it gebiet dêr't de Menam eartiids trochhinne meändere.