It Gorny-kleaster (Russysk: Горненский монастырь; "Berch-kleaster") is in russysk-otterdoksk nonnekleaster dat opdroegen waard oan it Kazan-ikoan fan de Mem Gods yn Ein Kerem, sa'n sân kilometer súdwestlik fan de âlde stêd fan Jeruzalim, Israel. It kleaster falt ûnder de jurisdiksje fan de Russyske tsjerklike missy yn Jeruzalim fan it Patriargaat fan Moskou.

Gorny-kleaster

Горненский монастырь

bouwurk
De yn 2007 foltôge Katedraal fan de Alderheljen fan Ruslân
De yn 2007 foltôge Katedraal fan de Alderheljen fan Ruslân
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
adres Ein Kerem
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier 1871-2007
boustyl Russysk-byzantynske arsjitektuer
offisjele webside
It kleaster op de side fan it Moskouse patriargaat
 
Archimandryk Antonin, inisjatyfnimmer fan de stifting fan it kleaster
 
Russyske nonnen fan it kleaster

Yn 1871 kocht de russysk-otterdokske tsjerke in stik grûn yn de omjouwing fan it doarp Ein Karem, dat tradisjoneel beskôge wurdt as it berteplak fan Jehannes de Doper en it plak dêr't de hillige jongfaam Marije by har nicht Elisabet op besite gyng (Lukas 1:39-56). Fuort nei de oankeap setten der nonnen harren der nei wenjen en de earste kleastertsjerke waard op 14 febrewaris 1883 yn namme fan it Kazan-ikoan fan de Mem Gods ynwijd. Tsjintwurdich is it de wichtichste tsjerke fan it kleaster, dêr't it fereare Kazan-ikoan bewarre wurdt. Rjochts fan de yngong fan de Kazantsjerke leit in stien, dêr't neffens de oerlevering Jehannes de Doper op preke hat. Dy stien is ôfkomstich út de omjouwing fan Jeruzalim en waard nei it kleaster oerbrocht. Yn 1910 begûn de bou oan de katedraal, dy't wijd wurde soe oan de hillige Trije-ienheid, mar troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich kaam der ynearsten in ein oan de wurksumheden.

Foar it kleaster briek in lange drege tiid oan. De likernôch 200 nonnen fan it kleaster moasten op lêst fan de Ottomaanske autoriteiten it kleaster ferlitte en nei Aleksandrje ferhûzje. De nonnen kamen yn 1918 werom, mar se troffen by it weromkommen in skeind kleaster oan, dat se dêrnei fuort opknapten. Dêrnjonken wiene de politike omstannichheden yn Ruslân feroare. It nije ateïstyske rezjym yn Moskou makke it kontakt mei it patriargaat ûnmooglik en sûnt 1920 foel it kleaster, krekt lykas de hiele Russyske tsjerklike missy, ûnder de Russysk-otterdokske tsjerke bûten Ruslân. De nije nonnen dy't noch nei it kleaster kamen wiene Russyske ymmigranten, dy't fia Bessarabië út Ruslân en dan troch Servje nei it Hillige Lân wisten te flechtsjen. Mar in pear novises wiene fan Arabyske komôf.

Yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 waard Ein Karem yn july bombardearre en de nonnen flechten nei it Jordaanske diel fan Palestina. Nei de foarming fan de steat Israel yn 1948 waarden it kleaster en de gebouwen fan de Russyske tsjerklike missy troch de Israelyske autoriteiten oerdroegen oan it patriargaat fan Moskou. De nonnen dy't net werom woene nei de juisdiksje fan Moskou ferhûzen nei Ingelân en stiften dêr it Ferkundigingskleaster yn Londen. Fiif nonnen ferhûzen nei Sily en stiften ek dêr in eigen delsetting, it Himelfeartskleaster.

It kleaster bleau yn de skiednis fan de Sovjet-Uny it iennige nonnekleaster fan it patriargaat fan Moskou bûten de Sovjetgrinzen.

Yn 1987 waard de Grottsjerke ta eare fan Jehannes de Doper ynwijd. Tsien jier letter waard yn 1997 de bou fan de Trije-ienheidskatedraal wer oppakt en yn 2007 foltôge. It kleaster bestie doe 160 jier. Op 28 oktober 2007 waard de katedraal ynwijd en opdroegen oan de Alderheljen fan Ruslân. Op 12 novimber 2012 fûn de grutte wijing troch patriarch Kirill fan Moskou plak. It kleaster telt hjoeddedei trije tsjerken.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Горненский монастырь (Эйн-Карем)