Gosse Noordewier
G.H.W. (Gosse) Noordewier (Gryptsjerk, 24 novimber 1947) is in Nederlânsk politikus fan de Partij fan de Arbeid.
Hy hat sawol MO-A pedagogyk as MO-B ortopedagogyk studearre en wie direkteur fan in basisskoalle foardat er dosint teoretyske ortopedagogyk en direkteur fan de W.H. Suringarskoalle/Nederlandsch Mettray yn Eefde waard.
Dêrnjonken is Noordewier ek al lang yn it spier foar de lokale polityk. Yn 1987 waard er gemeenteriedslid yn Sutfen en trije jier letter waard er dêr wethâlder. Yn 1997 folge de beneaming ta boargemaster fan de destiidske Siuwske gemeente Oostburg en sûnt jannewaris 2002 is Noordewier werom yn Gelderlân yn de funksje fan boargemaster fan Wijchen. Gosse Noordewier gie 1 novimber 2012 mei pinsjoen.
Noorderwier waard 15 desimber 2014 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Doesburg. Hy ferfong Kees Luesink, dy't nei in koart sykteferlof op 27 desimber 2014 ferstoar.
Noordewier wennet yn Alverna, in wenwyk yn Wijchen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|