Gouwe (plak)
Gouwe is in plak yn 'e Noard-Hollânske gemeente Opmar. Somtiden wurdt Gouwe in doarp neamd en somtiden ek in buorskip.
Gouwe | ||
Pleats Gouwe 48 | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 275 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1718 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 43 'NB, 4° 57 'EL | |
Kaart | ||
It plak hat 275 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Gouwe leit tusken Aartswâld en Sibekarspel en is ferneamd nei it wetter Gouwe, dat by it plak lâns rint. Yn West-Fryslân is Gouw of Gouwe in soad foarkommende namme foar wetter.
Gouwe is fral agrarysk en hat in soad pleatsen, dy't yn de rin fan 'e tiid faak restaurearre binne. Oant yn 1979 lei it plak yn 'e gemeente Heechwâld en mei it opgean fan dy gemeente yn 'e gemeente Opmar waard ek Gouwe ûnderdiel fan 'e gemeente Opmar. Eartiids waard it plak ek wol skreaun as 'De Gouwe'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|