Sibekarspel (offisjeel: Sijbekarspel) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Medemblik. It doarp leit tusken Benninbroek en Gouwe, krekt noardlik fan Wognum. De doarpskearn fan Sibekarspel leit by Benningbroek, de rest fan it plak wennet yn lintbebouwing rjochting Gouwe.

Sibekarspel
Stolppleats Westerstrjitte
Stolppleats Westerstrjitte
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal 935 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 5,43 km²
lân: 5,35 km²
wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 172 ynw./km²
Oar
Postkoade 1655
Koördinaten 52°43 'NB, 5°05 'EL
Offisjele webside
It doarp op 'e gemeenteside.
Kaart
Sibekarspel (Medemblik)
Sibekarspel
 
Protestantske tsjerke

Sibekarspel wurdt yn 1310 neamd as Siboutskerspel, yn 1343 as Syboutskerspel en yn 1494 as Zypekerspel. De oarspronklike namme ferwiist nei in troch Sybout stifte parochy. It plak waard yn 1414 mei Benningbroek fan hartoch Willem VI de status fan stêd ferliend. Yn 'e Frânske tiid waard dy foarm fan plattelânsstedsrjocht wer opheft.

Oant 1 jannewaris 1979 wie Sibekarspel in selsstannige gemeente, dêr't ek Benningbroek en it buorskip It Hegelân by hearden. Yn 1979 waard de gemeente Sibekarspel mei de gemeenten Abbekerk, Midwâld, Opperdoes, Twisk en it doarp Hauwert gearfoege ta de gemeente Noarder-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 opgyng yn 'e nije streekgemeente Medemblik.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Sibekarspel hat in typysk plattelânskarakter en in grut part fan 'e doarpskearn is skildereftich. It doarp is as lytse kearn oanwiisd, itjinge betsjut dat fral lokale ynwenners yn 'e beneaming komme foar útwreiding en dat der by de nijbou rekken holden wurde moat mei de styl.

De 16e-iuwske tsjerke fan Sibekarspel stiet tusken de lintbebouwing rjochting Gouwe. Tsjintwurdich is de tsjerke lytser as eartiids; de toer en it koer waarden yn 'e 19e iuw ôfbrutsen.

Yn it doarp steane in tal 19e-iuwske karakteristike Noard-Hollânske pleatsen, dy't as ryksmonumint oanwiisd binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Gemeente Medemblik  
Stêd:
Medemblik
Doarpen:
AbbekerkAndijkBenningbroekHauwertLambertschaagMidwoud · NibbixwoudOnderdijkOostwoudOpperdoesSibekarspelTwisk · Wadway (foar in part) • WervershoofWognumZwaagdijk
  ·   ·