Protestantske tsjerke fan Sibekarspel
De Tsjerke fan Sibekarspel is in protestantske tsjerke yn it Noard-Hollânske plak Sibekarspel. Ut en troch wurdt der yn de tsjerke preek holden, de tsjerke is geskikt foar multyfunksjoneel gebrûk.
Protestantske tsjerke fan Sibekarspel | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Sibekarspel | |
adres | Westerstraat 42 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 16e iuw | |
boustyl | Letgoatysk | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | tsjerke 30676 [1] | |
offisjele webside | ||
Side PKN-gemeente 'Het Vierkant' |
Skiednis Bewurkje
Nei alle gedachten giet de skiednis fan de tsjerke werom op in 12e iuwske tsjerke fan dowestien. Yn de 15e iuw waard in toer oanboud. Likernôch healwei de 16e iuw waard de oan Laurentius fan Rome wijde tsjerke fernijd. Dêrby waarden muorren fan de nije tsjerke mei ien meter heger makke om de goatyske ramen yn te bringen. Eartiids gyng it om in gruttere tsjerke mei in westlike toer en in heger koer as it skip.
Yn 1815 waard fanwegen brekfalligens it hege koer ôfbrutsen en waard de eastlike kant tichmitsele. Fan it eastlike koer bleaune de hoeksteunbearen bewarre. Ek de toer waard sloopt en yn 1861 ferfongen troch de hjoeddeiske neoklassistyske dakruter.
De tsjerke waard yn de jierren 1966-1967 restaurearre. Doe is de bepleistering fan de bûtenmuorren ferwidere.
Ynterieur Bewurkje
De 17e-iuwske preekstoel stiet oan de eastlike muorre. De dooptún is net mear oanwêzich, mar de 18e-iuwske doopbôge mei it wapen fan Sibekarspel is bewarre bleaun. It skip wurdt ferljochte troch trije koperen kroanen, de grutste datearret fan 1644. By de restauraasje fan de jierren 1960 binne fragminten fan it âlde doopfont werom fûn, dy't yntegrearre binne yn it tsjintwurdige doopfont. Ek is in stik dowestien fûn mei beskildering.
De klok waard yn 1682 getten troch Laurens Brinckhuysen. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere om yn Dútslân omraand te wurden, mar is net fierder kommen as Grins en koe nei de kriich werom hongen wurde.
Oargel Bewurkje
De tsjerke hat in orizjineel Van Dam-oargel út 1883. 'Flentrop Orgelbouw' restaurearre it oargel yn 1998. It sleepladeynstrumint hat in mechanyske traktuer, 13 registers op twa manualen en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|