Graatferwulft
In graatferwulft is in type ferwulft werby der út alle hoeken fan it ferwulft in graat nei it sintrum rint. Yn 'e measte gefallen giet it om in krúsgraatferwulft. In krúsgraatferwulft hat altiten in fjouwerhoekige of rjochthoekige foarm, as it in oare foarm is dan is it allinne in graatferwulft. In krúsgraatferwulft is dus altiten in graatferwulft, mar in graatferwulft is net perfoarst in krúsgraatferwulft.
Tusken de graten lizze ferwulftkappen. In krúsgraatferwulft hat altiten fjouwer ferwulftkappen, by oare graatferwulften is dat ôfhinklik fan de sitewaasje. By graatferwulften binne de kappen de dragende eleminten. Mei't de kappen tsjin inoar oan lizze wurdt de druk nei de muorre oerbrocht. In graatferwulft komt njonken it tonferwulft yn de romaanske arsjitektuer in soad foar.
Letter ûnstiene yn 'e boukeunst ribferwulften troch de graten mei ribben te fersterken, werby't langer net de kappen, mar de ribben de dragende eleminten waarden. Dêrmei koe de gotyk him fierder ûntwikkelje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|