Grace Darling (folút: Grace Horsley Darling; Bamburgh (Ingelân), 24 novimber 1815 – dêre, 20 oktober 1842) wie in Britske fjoertoerwachtersdochter, dy't yn 1838 tegearre mei har heit njoggen drinkelingen rêde fan in skipbrek deunby harren toer. Mei't it yn 'e iere njoggentjinde iuw frijwol ûnbesteanber wie dat in frou wittens en mienens har libben weagje soe as rêdingswurker, makke dy die har yn ien klap ta in heldinne mei lanlike bekendheid. Grace Darling wie lykwols pynlike bleu, dat alle oandacht foel har swier. Ta grut fertriet fan hiel it lân kaam hja fjouwer jier letter te ferstjerren oan tuberkuloaze. Dy ûntidige dea makke har namme foargoed legindarysk, sadat se sels hjoed de dei yn Grut-Brittanje noch grutte bekendheid genietet.

Grace Darling
Grace Darling op in skilderij fan Thomas Musgrave Joy (1812-1866).
Grace Darling op in skilderij fan Thomas Musgrave Joy (1812-1866).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Grace Horsley Darling
nasjonaliteit Britsk
berne 24 novimber 1815
berteplak Bamburgh (Ingelân)
stoarn 20 oktober 1842
stjerplak Bamburgh (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt fjoertoerwachter
reden
  bekendheid
rêde mei har heit
   9 drinkelingen

Grace Darling waard yn 1815 berne yn it arbeidershúske fan har pake, yn it Noardingelske Bamburgh, yn it greefskip Noardumberlân. Hja wie de sânde fan njoggen bern yn it gesin fan William en Thomasin Darling, en hie fjouwer bruorren en fjouwer susters. Doe't se noch mar in pear wiken âld wie, waard se meinommen nei Brownsman, ien fan 'e Farne-eilannen, foar de Noardumberlânske kust, dêr't har heit fjoertoerwachter wie. It gesin libbe dêr yn in lytse wente dy't oan 'e toer fêstboud wie.

 
De fjoertoer op Longstone. It boppeste finster yn 'e wite ring wie it sliepkeamersrút fan Grace Darling.

De fjoertoer op Brownsman, dy't datearre út 1795, wie net botte geunstich sitewearre om 'e skipfeart nei feilichheid te lieden, dat úteinlik waard der in nije, modernere toer boud op it oanbuorjende eilân Longstone, dy't dêr noch altyd stiet. Yn 1826, doe't Grace alve jier wie, ferhuze it gesin Darling dêrhinne. De Darlings setten har nei wenjen yn 'e grutte toer, wêrby't de mei in kachel ferwaarme grûnferdjipping harren ta wenkeamer en koken tsjinne. De toer hie in draaitreppen dy't nei trije sliepkeamers op 'e hegere ferdjippings late en úteinlik nei it fjoertoersljocht hielendal boppe-yn. Hoewol't de lokaasje fan 'e nije toer geunstiger wie foar de skipfeart, wie Longstone ûnherberchsumer as Brownsman, dat William Darling roeide geregeldwei hinne en wer tusken de eilannen om 'e kokentún op Brownsman te bewurkjen en dêr griente wei te heljen. Nei geraden dat se grutter waarden en mear yn 'e bouten krigen, roeiden ek de bern hiel wat ôf.

Yn 'e nacht fan 6 op 7 septimber 1838 rekke it passazjiersskip de Forfarshire by swier waar deunby de Farne-eilannen yn 'e swierrichheden. It skip rûn op 'e rotsen en briek midstwa, wêrnei't de beide helten al fluch sonken. Fan 'e 62 opfarrenden wisten njoggen har fan 'e efterstjûne ôf yn in roeiboat sakje te litten. Dy waarden nachts troch in passearjend Skotsk skip oppikt en nei de haven fan South Shields ta brocht. Tolve oare opfarrenden, wêrûnder in frou Dawson, de iennichste froulike passazjier, en har beide jonge bern, besochten fan 'e boech fan it skip ôf nei it lytse rotseilantsje Big Harcar te swimmen, mar ien fan 'e manlju, in predikant, en de beide bern oerlibben dy oerstek net.

 
It grêf fan Grace Darling en har âldelju.

Doe't de dage oan 'e loft kaam, waard William Darling boppe út 'e fjoertoer wei de njoggen drinkelingen op 'e rotsen gewaar. Hy en de doe 22-jierrige Grace kamen ta de konklúzje dat it waar te min wie om help fan 'e rêdingsboat út North Sunderland (no Seahouses) ferwachtsje te kinnen, dat se besleaten dat der neat oars op siet as om 'e put sels op te knappen. Yn harren roeiboat (in 6.40 m lange fjouwermanssloep fan it soarte dat bekendstiet as de Noardumberlânske coble) roeiden se fia in omwei om yn 'e lijte fan 'e eilannen te bliuwen oer in ôfstân fan sa'n 1,2 km nei Big Harcar ta. Dêr hold Grace de roeiboat stil yn it wetter, wylst har heit frou Dawson en fjouwer manlike drinkelingen oan board holp. Neitiid roeiden William Darling en trije manlike drinkelingen de boat werom nei de fjoertoer, dêr't Grace mei frou Dawson en de swakste manlike drinkeling oan lân gie. Har heit en de oare trije manlju roeiden dêrop wer werom nei Big Harcar om 'e fjouwer restearjende manlju op te heljen.

Doe't de rêdingsboat út North Sunderland oeren letter Big Harcar berikte, fûnen de roeiers dêr inkeld de stoflike omskotten fan 'e predikant en de beide bern. Tsjin dy tiid helle de stoarm wer oan, dat de roeiers, sân fiskerslju mei dêrûnder Grace har omke William Brooks Darling, setten ek nei Longstone ta. It waar wie sa min dat de drinkelingen en de rêdingsboatroeiers dêr trije dagen lang mei de Darlings yn 'e toer skûlje moasten foar't men it ferantwurde achte om nei de kust ta te roeien.

 
It monumint foar Grace Darling op it tsjerkhôf fan 'e Sint-Aidanstsjerke te Bamburgh.

Doe't it nijs fan 'e rêding, en yn 't bysûnder fan 'e rol dy't Grace spile hie, bekend waard, gie it as diggelfjoer troch hiel it lân. Yn 'e iere njoggentjinde iuw wie it suver ûnbesteanber dat in frou wittens en mienens har libben weagje soe as rêdingswurker: Grace wie net inkeld in held, se wie ek noch in deugdsume jongfaam deropta. Yn it tiidrek fan 'e Romantyk griep soks de minsken slim oan, en makke it Grace Darling tsjin wil en tank ta in folksikoan, in njoggentjinde-iuwske popstjer.

Ut hiel Grut-Brittanje waarden donaasjes stjoerd om har it libben makliker te meitsjen, ter wearde fan mear as £700, wêrûnder £50 dy't skonken wie troch keninginne Fiktoaria sels. Hûnderten presinten en geskinken en tûzenen brieven waarden Grace tastjoerd. Guon lju biddelen om in lok fan har hier, sadat se dy ynliste koene. Guon manlju fregen har ta houlik, ek al hiene se har noch nea sjoen. Teminsten tolve skilders lieten har oerroeie nei Longstone, sadat se har portret skilderje koene. Under harren wie Jerrold Vernon, dy't yn 1839 in portret fan har makke dat er Grace Darling, or the Maid of the Isles ("Grace Darling, of de Faam fan 'e Eilannen") neamde. Ut har ôfbylding op dat skilderij kaam neitiid de leginde fan the maiden with the windswept hair ("de jongfaam mei it wapperjende hier") fuort.

 
In tinkstien ta oantins oan Grace Darling yn 'e Sint-Cuthbertskapel yn Inner Farne.

Grace, dy't nei't it skynt pynlike bleu wie, fûn it tige dreech om mei sokke belangstelling om te gean. Har biograaf Richard Armstrong, skriuwer fan Grace Darling: Maid and Myth (1965), suggerearre dat de reden foar har bleuens wie dat se in hazzelippe hie. Hy is lykwols de iennichste saakkundige dy't mei dy teory op 'e lapen kommen is, en soks is troch alle lettere biografen rislút fan 'e hân wiisd. Hoe dan ek, los fan har ferlegenheid wie Grace yn earmoede opgroeid, en wist se har suver gjin rie mei alle jeften dy't se tastjoerd krige. Har ûnferwachtse rom en rykdom rûnen sa ta de spuigatten út, dat Hugh Percy, 3e hartoch fan Noardumberlân, himsels opsmiet as Grace har beskermhear. Hy rjochte in stifting op dy't it behear oer de donaasjes oernaam. Under syn persoanlike geskinken oan har en har famylje wiene in oerwurk en in sulverne treppot.

Yn 1842, doe't se in besyk brocht oan it fêstelân, rekke Grace siik. It die bliken dat hja oanhelle rekke wie mei tuberkuloaze. Yn 't earstoan waard se fersoarge yn Alnwick, yn it earmoedige hûs fan 'e famylje MacFarlane, in neef en nicht fan har. Doe't Charlotte Percy, hartoginne fan Noardumberlân dat hearde, liet dy har oerbringe nei Alnwick Castle, dêr't se Grace eigenhandich ferplege. Nettsjinsteande de bêste medyske soarch dy't de Ingelske hegerein doedestiden te bieden hie, boaze Grace har tastân oan, en doe't dúdlik wie dat se net mear opbetterje soe, waard se oerbrocht nei har berteplak Bamburgh. Dêr kaam Grace Darling op 20 oktober 1842 te ferstjerren, in foege moanne foar har sânentweintichste jierdei.

 
De ferpakking fan in sûkelarje-reep fan it merk Cadbury's Grace Darling Chocolate, mei dêrop in plaatsje fan in nuveraardich blondearre Grace Darling.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Grace waard begroeven yn in beskieden grêf op it tsjerkhôf fan 'e Sint-Aidanstsjerke yn Bamburgh, itseldichste grêf dêr't letter ek har heit en mem yn byset waarden. Neitiid waard troch de boargers fan Bamburgh jild ynsammele foar de oprjochting fan in ornamintele senotaaf yn 'e foarm fan in (leech) prealgrêf ta oantins oan har libben en heldedie, dy't ek op it tsjerkhôf fan 'e Sint-Aidanstsjerke stiet. Yn 1848 waard in tinkstien oan har wijd yn 'e Sint-Cuthbertskapel te Inner Farne, op it eilân Great Farne.

Ynstee dat Grace Darling har ûntidich ferstjerren in ein makke oan 'e gekte om har persoan hinne, lôge dy der krekt fierder troch op. It jiers nei har dea wijde de ferneamde dichter William Wordsworth syn gedicht Grace Darling oan har. Op it eilân Lindisfarne waard in rêdingsboat stasjonearre dy't de Grace Darling hiet. De skilder William Bell Scott makke yn 'e Noardumberlânske Wallington Hall in rige skilderijen dy't Grace har heldedie ôfbylden. Yn 'e McManus Galleries yn it Skotske Dundee hingje trije skilderijen fan Thomas Musgrave Joy dy't krektlyk har rêding fan 'e skipbreklingen fan 'e Forfarshire sjen litte.

Tsjintwurdich draacht de rêdingsboat fan Seahouses de namme fan Grace Darling. Yn Bamburgh stiet it Grace Darling Museum, dat wijd is oan 'e seefearttradysje fan 'e Noardumberlânske kust, mar yn it bysûnder oan Grace en har heldedie. Yn 1962 brocht it bernekoar The Limeliters it ferske Grace Darling te'n gehoare, mei as refrein Help, help, came a desperate yelp ("Help, help, kaam in wanhopige gjalp"). Sjonger Dave Cousins fan 'e band Strawbs skreau it nûmer Grace Darling, dat útbrocht waard op 'e cd Ghosts (1975). Toanielskriuwer Dennis A. Westgate skreau in musical oer it libben fan Grace Darling, dy't yn july 2010 yn York yn premiêre gie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.