Grand Traversebaai
De Grand Traversebaai (Ingelsk: Grand Traverse Bay) is in wetter dat heart ta it systeem fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. It is in baai oan 'e noardwestkust fan Neder-Michigan, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Michiganmar. De Grand Traversebaai wurdt fan it fêstelân fan Neder-Michigan skaat troch it Leelanau-skiereilân, dat fan 'e kust fan Neder-Michigan nei it noarden ta útstekt. Dit wetter moat net betize wurde mei de (folle lytsere) Grand Traversebaai oan 'e kust fan it Keweenaw-skiereilân, yn 'e Boppemar.
Grand Traversebaai | ||
geografy | ||
type wetter | baai | |
lokaasje | midden fan Noard-Amearika | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
koördinaten | 45°03′36″N 85°28′48″W | |
ûnderdiel fan | Michiganmar | |
sifers | ||
maks. lingte | 51 km | |
maks. breedte | 10 km | |
djipste punt | 190 m | |
kaart | ||
Lokaasje yn Michigan.
|
De Grand Traversebaai is 51 km lang fan noard nei súd en 16 km breed fan east nei west. It djiptemaksimum bedraacht 190 m. De baai wurdt ferdield yn twa earms troch it yn 'e midden út it suden wie útstekkende Old Mission-skiereilân. Oan 'e súdlike útein fan 'e Grand Traversebaai leit de stêd Traverse City op it punt dêr't de rivier de Boardman yn 'e baai útmûnet. Yn dy kontrei is it allegear kersehôven, wat de reden is dat Traverse City himsels de 'Kersehaadstêd fan 'e Wrâld' neamd.
Ferskate lytsere baaien meitsje ûnderdiel út fan 'e Grand Traversebaai. Dat binne de Northportbaai, de Suttonsbaai, Omenabaai, Bowers Harbor en de Old Missionbaai. Yn septimber 2007 waard troch ûnderwetterarcheologen yn 'e Grand Traversebaai in rotsblok fan 1,2 m by 5 m fûn dêr't in prehistoaryske ôfbylding fan in mastodont mei in spear yn syn side yn kurven wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |