Keweenaw-skiereilân
It Keweenaw-skiereilân (útspr.: ['ki:wənɔ:], likernôch: "kiiwe-nô") is in skiereilân dat fan 'e kust fan Opper-Michigan ôf nei it noardeasten ta útstiket yn 'e Boppemar, ien fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Dit wie yn 'e njoggentjinde iuw it plak fan 'e earste koperkoarts yn 'e Feriene Steaten. Hjoed de dei hat it Keweenaw-skiereilân in befolking fan rom 43.000 minsken, dy't foar it meastepart wurksum binne yn 'e boskbou, it toerisme en it ûnderwiis (yn 'e foarm fan 'e Technologyske Universiteit fan Michigan en de Finlandia Universiteit.
Geografy
bewurkje seksjeIt Keweenaw-skiereilân sit oan 'e súdkant fêst oan it gruttere skiereilân Opper-Michigan, dat it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Michigan foarmet. It stiket likernôch 110 km út nei it noardeasten ta, de Boppemar yn, dat ien fan 'e fiif Grutte Marren is. De noardlike ein fan it Keweenaw-skiereilân wurdt soms oantsjut as Copper Island (it "Kopereilân"), of ek wol as Kuparisaari troch de âldere Finske ymmigranten yn 'e krite. Dit diel fan it skiereilân wurdt skaat fan 'e rest fan it skiereilân troch de Keweenaw-wetterwei, in natuerlik kanaal dat yn 'e 1860-er jierren útbaggere en ferbrede is. De beide grutste plakken fan it skiereilân, Houghton en Hancock, lizze oan dy wetterwei, oan 'e súdlike, resp. noardlike kant.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Keweenaw-skiereilân wurdt al tûzenen jierren bewenne troch Yndianen. Omtrint 7.000 lyn begûnen dy der koper te winnen, in aktiviteit dy't syn hichtepunt om 3.000 f.Kr. hinne berikte. Dat wie mooglik om't op it skiereilân grutskalige koperôfsettings ticht ûnder it ierdoerflak maklik te berikken wiene. Fanôf omtrint 1.200 f.Kr. liket dêrby de wûne koper minder brûkt te wêzen foar de makkelei fan ark en reau, en mear foar sieraden en oare ornaminten.
Om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne, doe't har de earste blanken op it Keweenaw-skiereilân nei wenjen setten, laten de grutte koperfoarrieden dêre ta de earste 'koperkoarts' út 'e Amerikaanske skiednis. Fan dy tiid ôf oant fier yn 'e tweintichste iuw waard op it skiereilân op yndustriële skaal koper wûn. Pas yn 1967 kaam dêr foargoed in ein oan.
Om't yn 'e mynbou op it skiereilân ferlet wei fan lju mei in hegere oplieding, waard yn 1885 yn Houghton de Mynbouskoalle fan Michigan stifte, dy't no de Technologyske Universiteit fan Michigan (MTU) hjit. Hoewol't dêr noch altyd mynboutechniken ûnderwiisd wurde, kinne der no ek opliedings yn in grut tal oare technyske dissiplines folge wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|