Great North Road (roman)

Great North Road is in mânske roman fan (yn paperbackfoarm) 1.087 siden, skreaun troch de súksesfolle Britske auteur Peter F. Hamilton. Yn dit boek kombinearret de skriuwer in detektiveferhaal mei in science fiction-setting. It spilet foar in grut part yn it sombere Newcastle-upon-Tyne út 'e neie takomst, dêr't yn 'e roman in poarte nei in oare planeet, it tropyske St. Libra, fêstige is. Great North Road is in op himsels steande roman mei ferskate ferhaallinen en in ûnbidich grutte cast fan ferskillende personaazjes, dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Hoewol't it boek stadich op gong komt, kriget it ferhaal almar mear faasje wylst it op syn ferrassende ein ta dinderet. Great North Road waard foar it earst publisearre yn 2012, troch de Londenske útjouwerij Pan Books.

Great North Road
algemiene gegevens
auteur Peter F. Hamilton
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction, detektiveferhaal
1e publikaasje 2012, Londen
oarspr. útjwr. Pan Books
kodearring
ISBN 978-0 33 05 21 772

Yn it jier 2142, as poartetechnology it mooglik makket om mei in stap fan 'e iene nei de oare planeet te reizgjen, kriget Sidney Hurst, in resjersjeur by de plysje fan Newcastle-upon-Tyne, de lieding oer in riedselige moardsaak. It giet om in deade kloan út 'e fabuleus rike en machtige North-famylje, wylst net ien fan harren kloanen fermist wurdt. Tweintich jier earder, yn 2122, waard Bartram North, ien 'e trije bruorren dy't oan it haad fan 'e North-famylje steane, op in ferskriklike en lyksoartige wize fermoarde yn syn filla op 'e tropyske planeet St. Libra. Al syn tsjinstfolk fûn mei him de dea, op ien nei. Dat, moat Hurst himsels no ôffreegje, is de moardner fan Bartram North noch altyd op frije fuotten? En sa ja, is Angela Tramelo, de iennichste oerlibbene fan 'e slachtpartij, dan ûnskuldich foar de misdie feroardiele? Want hoe't se ek ûnderfrege waard, se hat altyd folholden dat sy de iennichste oerlibbene wie fan in oanfal troch in bûtenierdsk wêzen.

Hoewol't Tramelo har ferdigening tweintich jier lyn as in healwiis fabeltsje beskôge waard, mei't St. Libra gjin hegere lânseigen libbensfoarmen hat, wurdt it ûndersyk nei in mooglike bûtenierdske bedriging no ynienen de heechste prioriteit fan it Human Defence Agency (HDA). De biobrânstof-yndustry op St. Libra is fan it heechste belang foar de minsklike ekonomy op tsientallen planeten, en moat tsjin alle kosten feilichsteld wurde. Hurst moat ûnder grutte druk syn drege ûndersyk fuortsette wylst alderhanne gleskegnuvers oer syn skouder hinne meisjogge, fan fertsjintwurdigers fan 'e HDA en Bartram syn broer Augustine North, oant de Jeropeeske Uny en de media.

Underwilens tuget de HDA in ûnbidich grutte ekspedysje op om fia de poarte by Newcastle yn 'e oerwâlden fan it nea goed ferkende St. Libra nei mooglike hegere libbensfoarmen op 'e siik te gean. Ta dy ekspedysje hearre militêre ienheden en boargerlike ekspêrs, lykas ksenobiologen, en dêropta wurdt mei tsjinnichheid Angela Tramelo, dy't troch genetyske manipulaasje yn tweintich jier gjin dei ferâldere is, út it tichthûs helle. Tagelyk begjint yn in trêde ferhaalline Constantine North, de trêde fan 'e North-bruorren, him te roeren. Wat hat him derta brocht om syn desennialange bestean as klúzner yn in romtestasjon yn in baan om 'e planeet Jupiter te ferbrekken? It ferhaal giet op in hichtepunt ta as de ekspedysje fan 'e HDA djip yn it oerwâld fan St. Libra fan 'e bûtenwrâld ôfsnien rekket, en de leden ien foar ien fermoarde wurde. Angela Tramelo hâldt fol dat itselde bûtenierdske wêzen dêr ferantwurdlik foar is as dat tweintich jier lyn Bartram North en syn ûnderhearrigen deade hat, mar de oare leden fan 'e ekspedysje witte dat sa krekt noch net. Hat Tramelo wier in bûtenierdsk wêzen sjoen of is sy in geastlik steurde moardneresse dy't no in twadde kâns krigen hat om har út te libjen?

Upcoming4me Review omskreau Great North Road as in "moai en kompleks ferhaal troch de grutmaster fan 'e yntelliginte science fiction." Yn in resinsje yn 'e Britske krante The Guardian waard it brede panorama dat Great North Road biedt, bewûndere, en krektlyksa de "cast fan mear as fyftich personaazjes [en] ûnderskate yngewikkelde ferhaallinen". Neffens de resinsint berikt it boek "in ûntknoping dy't folle mear is as inkeld de útkomst fan in moardmystearje." SFX Review skreau: "Great North Road wurket fol fertrouwen op in ûntknoping ta dy't, sa soe men úthâlde kinne, in bytsje te kreas is, mar dat docht neat ôf oan 'e prestaasje dy't hjir levere wurdt."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.