Grutte Sâltmar

(Trochferwiisd fan Great Salt Lake)

De Grutte Sâltmar (Ingelsk: Great Salt Lake), is de grutste sâltwettermar fan it westlik healrûn, mei in oerflak fan 4.400 km². Hy leit yn 'e Grutte Dobbe, yn it súdwesten fan Noard-Amearika, yn it noardlike diel fan 'e Amerikaanske steat Utah. Oan 'e súdeastlike igge leit it nei de mar ferneamde Salt Lake City, de haadstêd fan Utah. De Grutte Sâltmar mjit op it breedste punt 45 km, en op it langste punt 120 km. De djipte wikselet mei de wetterstân, en is trochinoar 4,9 m, mei in djipste punt op likernôch 10 m. Yn 1987, by de heechste wetterstân ea metten, lei it djipste punt op 14 m, wylst it yn 1963, by de leechste wetterstân, op 7,3 m lei. As men it neffens wetteroerflak besjocht, is de Grutte Sâltmar de grutste mar yn 'e Feriene Steaten dy't net ta de Grutte Marren heart.

Grutte Sâltmar
geografy
type wetter mar
lokaasje Grutte Dobbe, yn it súdwesten fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
steat Utah
koördinaten 41°10′N 112°35′W
sifers
maks. lingte 120 km
maks. breedte 45 km
oerflak 4.400 km²
djiptegemiddelde 4,9 m
djipste punt ±10 m (wikselet mei wetterstân)
wetterfolume 18,9 km³
kaart
Grutte Sâltmar (Utah)
Grutte Sâltmar
Lizzing fan 'e Grutte Sâltman yn Utah.

De mar is in oerbliuwsel fan 'e Bonnevillemar, in prehistoaryske reinwettermar dy't ienris hast hiel Utah omfieme. De trije wichtichste rivieren dy't yn 'e Grutte Sâltmar útmûnje, binne de Jordan, de Weber en de Bear. Mei-inoar losse dy jiers 1,1 miljoen ton mineralen yn 'e mar. De Grutte Sâltmar hat gjin útgeande streamen, en de wetterhoemannichte ferminderet dus inkeld troch ferdamping. Sadwaande hat it ek in tige heech sâltgehalte, folle heger as dat fan seewetter. Sawol de hoemannichte mineralen yn it wetter as it sâltgehalte groeit stadichoan troch. Oars as guon oare sâlte binnenwetters hat de Grutte Sâltmar him nea ûntjaan kinnen ta in grut kueroard, wat benammen te witen is oan 'e dramatyske wikselings yn 'e wetterstân en de saneamde "marstank", feroarsake troch de ferrotting fan deade ynsekten, dy't fral by lege wetterstân tige ûnoangenaam wêze kin.

 
Trekfûgels foerazjearje yn 'e Grutte Sâltmar.

De Grutte Sâltmar wurdt wol "de Deade See fan Amearika" neamd, en is in gaadlike habitat foar miljoenen lânseigen wetterfûgels, wêrûnder de grutste koloanje grutte franjepoaten op 'e wrâld. Yn it sâlte wetter sels libje inkeld algen en baktearjen, dy't de mar mei-inoar syn readige of pearzige kleur jouwe. Fuort by de mûnings fan 'e trije rivieren, dêr't it sâltgehalte fan it wetter dat fan swietwetter bytiden hast belykje kin, komme ek grutte hoemannichten pikelgarnalen en ynsektelarven foar, dy't it iten foarmje foar de wetterfûgels. It ûndjippe, relatyf waarme wetter feroarsaket fan 'e ein fan hjerst oant djip yn 'e maityd yn 'e omkriten fan 'e mar in protte sniefal yn 'e fierders oars sa drûge Grutte Dobbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.