Grifformearde tsjerke (Oostwold)
De Grifformearde tsjerke yn Oostwold (Eastwald) yn 'e gemeente Aldamt, Grinslân, is in tsjerkegebou fan 'e PKN De Dollert. De tsjerke is sûnt 2001 in ryksmonumint.
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
Eastwald (Oostwold) | ||
adres | Goldhoorn 8 | |
koördinaten | 53° 12' N 7° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Van Wijk en Broos, Grins | |
boujier | 1930 | |
boustyl | Amsterdamske Skoalle | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 522106 | |
Webside | ||
PKN De Dollert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe grifformearde tsjerke fan Eastwâld ûnstie mei de doleânsje. Yn 'e tiid fan 'e ôfskieding brieken in pear hûshâldings mei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en dy wiene dêrnei tsjerklik oanwiisd op Midwolda. Oanlieding foar de doleânsje yn Eastwâld wie net lykas op oare plakken de frijsinnigens yn 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, mar folle mear it hearskjende stânsferskil yn de Herfoarme gemeente. De tsjerke fan 'e 'kleine luyden' woeks al gau en de earste tsjerke Pro Rege koe oan 'e Noorderstraat boud wurde, in tsjerke mei 245 sitplakken dy't yn 1889 yn gebrûk nommen waard.
Sûnt 1900 wie de tsjerke te lyts woarn en waard der praat oer in ferbouwing of nijbou, mar it duorre oant 1930 doe't der útein set waard mei de bou fan 'e hoeddeiske tsjerke oan 'e Goldhoorn mei 345 sitplakken, dy't noch yn itselde jier iepene waard. Arsjitekten fan de nijbou wiene Wijk en Broos út Grins.
De tsjerke waard yn 'e jierren 2012-2013 restaurearre en yn it ramt fan dy restauraasje waard it kleurrike ynterieur ek wer hersteld.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke fertsjintwurdiget skaaimerken fan de Amsterdamske Skoalle. Opfallend is de hege smelle nulle, dy't boppe de topgevel útriizget, werfan de top mei blêdgoud belein is. De ramen binne allegear yn glês-yn-lead útfierd. De ynrjochting is tige kleurryk en de banken steane as in waaier om 'e preekstoel hinne opsteld.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel hinget boppe de preekstoel en waard yn 1939 troch de firma Reil boud as in pneumatysk kegellade-oargel mei 17 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1946 waard it oargel troch Reil elektrifisearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|