Griis elfke
(Trochferwiisd fan Griis Elfke)
It griis elfke (Callophrys polios) is in flintersoarte út Noard-Amearika yn it skaai fan de elfkes (Callophrys).
griis elfke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Callophrys polios | ||||||||||||
Cook & Watson, 1907 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeIt griis elfke hâldt fan wylde krûdeftige greiden. Ek wurde se wol sjoen oan de râne fan it bosk. Mantsjes sykje in plakje op om op syk te gean nei wyfkes. Se sitte faak op in blêd ûnder oan de beam.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is ûngefear 25 mm. De boppekant fan de wjukken binne oranje brún. De ûnderkant fan de wjukken binne donker brún. Oan de ein fan de wjukken feroaret de kleur fan brún nei griiseftich. Oan de wjukken is gjin sturt.
Fljochtiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan ein april ôf oant juny. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe aaikes lizze allinnich op de weardplant. De rûp oerwintert as healwaaks rûp.
De rûp fret fan de berendruf.