Grim Oak Press

Grim Oak Press is in Amerikaanske útjouwerij fan fantasy- en science fiction-literatuer. It bedriuw is fêstige yn Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington, en waard oprjochte yn 2013.

Grim Oak Press
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Seattle (Washington)
oprjochte 2013
oprjochter Shawn Speakman
offisjele webside
grimoakpress.com

SkiednisBewurkje

Yn 2011 waard by fantasyskriuwer Shawn Speakman non-hodgkinlymfoom (in foarm fan kanker oan 'e lymfeklieren) fêststeld. Nei in lange behanneling waard er wer sûn ferklearre, mar lykas in protte Amerikanen hied er gjin syktekostefersekering, yn syn gefal om't er dy net krije koe fanwegen in foarôf-besteande sykte. Dat betsjutte dat er mei in skuld fan mear as $200.000 oan sikehûskosten sitten bleau.

Om dy skuld ôf te beteljen, stalde er de ferhalebondel Unfettered gear, dêr't mear as tweintich fan syn kollega-auteurs (ûnder wa grutte nammen as Jacqueline Carey, Tad Williams, Naomi Novik en Brandon Sanderson) gehiel belangeleas koarte ferhalen foar oanleveren. Ek omslachkeunstner Todd Lockwood wurke belangeleas oan 'e útjefte mei.

De publikaasje fan Unfettered, yn 2013, wie it begjin fan Grim Oak Press. De útjouwerij set him sûnt yn om oare skriuwers en omslachkeunstners yn finansjele swierrichheden by te stean, û.m. mei de útjefte fan 'e ferhalebondels Unfettered II yn 2016 en Unfettered III yn 2019. Dêrnjonken publisearre Grim Oak Press ek beheinde oplagen fan boeken fan Terry Brooks, Naomi Novik, Jacqueline Carey, Stephen R. Donaldson, Raymond E. Feist en Janny Wurts.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: